Mefrou Veldstra (FNP): De bewenners van de Prinses Wilhelminastrjitte freegje har óf oft der noch in petear plakfynt. Op hokker termyn sil dat wêze? De foarsitter: De zienswijzen zijn aan het college om daarop te reageren. Wethâlder Bouma: As de sjenswizen binnen binne dan sil it kolleezje mei in réaksje weromkomme nei de nedskommisje. Mefrou Veldstra (FNP): Der is tasein dat der noch in petear wêze soe mei de bewenners Wan- near sil dat plakfine? Wethâlder Bouma: Wit seis net fan in tasizzing. Men sit midden yn de proseduere. De foarsitter: Geen vragen of opmerkingen. 5. Foarstel om yn prinsipe meiwurking te ferlienen oan it legalisearjen fan it pleatsen fan in garaazje/berging/wâlbeskoaiïng en in wenarke op perseel Boarnsterdyk 1015 te Akkrum De hear Seldenrust (FNP): Hy hopet dat de famylje fan in sleepjende kwestje bef rijd wurdt. In minder foarbyld fan it legalisearen fan in yllegale situaasje kin hy him net foarstelle. Hoe kin men soks oan de boargers útlizze? De ynwenners tinke no dat alles yn it bûtengebiet mooglik is. En dat alles trochdat de wethâlder net wet hâldt. De ried wurdt mei de rêch tsjin de muorre setten. ®oe "effens de FNP in Persoansbûne skikking komme moatte foar de famylje foar de kom- mende 10 jier op dat plak om foar te kommen dat it plakje ynkoarten foar in woekerpriis ferkocht wurde sil. 8| 68 (PvdA,: De PvdA fYnt n ek in teloarstellende gong fan saken. De PvdA-fraksje wol elk lid fan de fraksje de gelegenheid jaan om in persoanlik beslút te nimmen. Sitte der noch juridyske gefolgen oan fêst? In part fan de fraksje wol it legalisearje om in ein oan de saak te meitsjen. It leafst hie men sjoen dat it rinne soe fia in persoansbûne oplossing mar dat skynde neffens de wethâlder net mooglik te wêzen. It grutste part fan de fraksje kiest foar in pragmatys- ke oplossing. a 1 P-h"r Van der Sluis (VVD,: lt is in minne saak dat it kolleezje hjir sa mei te set west hat. De VVD hie ek leaver in persoansbûne fergunning hân. Mei tsjinsin giet de VVD mei it foarstel ak- De hear Hemminga (GB): Der binne yn feite twa punten: hoe giet men mei bestimmingsplan bû- tengebiet om en as men it hjir legalisearret yn hoefier is dat dan tydlik? GB fielt foar in tydlike op lossing en tsjinnet dêrta in amendemint yn. De hear Van der Meulen (CDA): It giet derom oft men al of net akkoart giet mei it foarlizzend foarstel. Men kin net wer werom, want oars soe dat in protte argewaasje jaan en jild kostje It soe net wer op sa'n wize gean meie. Wethâlder Bouma: It kolleezje hat besocht in probleem dat al 10 jier bestiet op te lossen. Sy hat al earder sein dat it de 'schoonheidsprijs' net fertsjinnet. In persoansbûne skikking kin net want dat hie men earder oankaarte moatten, al foar de ferkeap fan de grûn. De ynskatting fan de ôf- dieling juridyske saken is dat der in claim komme kin. Men kin de oanfreger gjin lisplak ûnthâlde yn de gemeente By tydlike fergunnings: Dan moat der in definityf bouplan neist lizze op basis werfan t de tydlikheid tastien wurde kin. De hear Hemminga (GB): Lést it amendement foar: Voorstel wijzigen in: Pagina 2 03 Ferslach 21-03-2006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 31