De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 7. Foartstel om in kredyt beskikber te stellen foar skeabetelling boaiemfersmoarging De Baai. De voorzitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 8. Foarstel ta it fêststellen fan de fartariven en fartiden fan de Pont de Burd en it dwaan fan in helberheidsûndersyk nei in tunnel De voorzitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 9. Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanlis fan de Klassieke Schepenhaven Ter- herne De hear Janse (FNP): Seit dat it riedsfoarstel, sa't it yn it riedsfoarstel fan septimber oanjun stiet, twa trajekten hat: it oerienkomst trajekt en it planalogysk trajekt. Dit binne selsstannige trajek- ten. It earste soe earst ôfhannele wurde moatte foardat mei it twadde útein set wurdt. De yntins- jeoerienkomst fan it kolleezje en de Stichting Klassieke HavenTerherne seit hjiroer yn artikel 6f dat, earst neidat de eksploitaasjeoerienkomst sletten is, start wurde sil mei de planologyske pro- seduere. In posityf beslút oangeand it iene hâldt net yn dat der oer it oare posityf besletten wurde moat. Art. 5d fan de yntinsjeoerienkomst seit dêroer dat de gemeente publyklik har ferantwurdlikens hâldt oangeande romtlike oardering en miljeuprosedueres. Der kin dus net fan de gemeente fer- wachte wurde dat it, yn it ramt fan dizze oerienkomst, foar in swierder wagend algemien belang tsjinnet. Dat is dúdlik. It is net automatysk sa dat as je it iene goedkarre, ek it oare goedkarre moatte. Stelt fierder fêst dat de beslútfoarming net de goede folchoarder hân hat, sa as ôfsprutsen wie. De yntinsjeoerienkomst is net oan de ried foarlein; it wie in yntinsjeoerienkomst tusken de ge meente en Terherne Haven BV. By it yngean fan it trajekt Klassike Skippehaven wie ien fan de útgongspunten, sa stiet yn de stikken fan WWR fan 4 desimber 2001, dat de gemeente it projekt beskôge as in partikulier inisjatyf en dat de gemeente net yn it projekt dielnimme soe. Ein 2003 die bliken dat sûnder dielnimming fan de gemeente it projekt net foar subsydzje yn oanmerking kaam. Op dat moment hie it kolleezje nei de ried kommen moatten mei in útstel om fan it út- gongspunt óf te stappen of om it projekt te beëindigjen. Dat is net bard. De FNP-fraksje hat der yn de WWR kommisje in pear kear nei frege. Frege wannear't it oan de ried foarlein wurde soe. Mar it kolleezje joech gjin reaksje en kaam nei de beslútfoarming oer de romtlike oardering mei in oerienkomst nei de ried dy't net doogde. De FNP-fraksje hat mei net mis te fersteane bewurdin- gen sein wat se fan de oerienkomst fûn. Lykwols waard it útstel mei in sa lyts mooglike mear- derheid oannommen. Mar wat is in beslút weardich dat op grûn fan net goede gegevens nommen wurdt? De SNN fielde har mei dy oerienkomst, dy't de ried ek goedkard hie, belazere. Sa stiet it letterlik yn 't ferslach. Dêrom moast der in nije oerienkomst makke wurde. Mei dizze nije oerien komst nimt de gemeente diel yn it projekt. De gemeente lit de haven oanlizze en ferhiert of fer- pachtet dizze oan Terherne Haven BV. Utgongspunt wie dat de gemeente net dielnimme soe yn it projekt. Dêr hâldt de FNP-fraksje har oan en sy sil dan ek net ynstimme mei it foarstel. De hear Hemminga (GB 2000): Freget him óf wêr't it hjir eins om giet; de keam is it finansie- ringsfoarstel. It is in nij foarstel. It âlde, oangeande keap, is hjirmei ferfallen. Dat hat foar SNN nei de gemeente ta oanlieding west om in oanfoljend adfys te freegjen foar in korrekte konstruksje. GB2000 hat by de behanneling yn 'e ried hieltyd oanjûn dat it in gekeunstelde konstruksje wie mei frjemde regeljouwing en finansjele risiko's fan/foar de gemeente. Dat wurdt net ruterlik tajûn. Fouten meie makke wurde, mar dy moat men wol tajaan; transparânsje is yn dit soarte saken wol wichtich. Yn it skriuwen fan 14 oktober mei SNN wurdt der fan dy kant wat dúdliker reageard. Der stiet letterlik dat de SNN har belazerd fielt. Dat fait net as in misferstân te ferklearjen. It wie folledich yn striid mei de regeljouwing en sa blykber troch de gemeentlike gesprekspartners pre- senteard. Dat hyt yn politike termen "onjuist geïnformeerd". Dêrom moast der in oar foarstel Side 7 03 ferslach 14-03-2006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9