de oare kwaliteiten ferwachte as fan in listlûker. Gjin inkelde partij hat by de takediskusje protest
oantekene tsjin twa wethâlders. As men besunigje wol moat men seis it foarbyld jaan. Neffens
GB kinne twa wethâlders mei de boargemaster it wurk wol oan, omdat der al in protte wurk yn it
foar dien is. It aksint leit op de útfiering. De ûnôfhinklike ynformateur hat goed wurk dien. GB hat
by sawol de formateur as ynformateur oanjûn dat men in profylskets fan de wethâlders hawwe
wolle soe. Men mist de opsomming fan kwaliteiten fan de kandidaat-wethâlders. Foar GB binne
kennis fan management en finânsjes tige wichtich. Riedserfaring is net direkt nedich foar in goed
wethâlderskip. GB koe him foarstelle dat de FNP net yn it foar mei in namme fan in kandidaat
komme woe. Miskyn hawwe partijpolitike arguminten in rol spile by de kar fan in formateur. Men
hat gjin arguminten foar in tredde wethâlder. It sparret in protte jild út as men mei twa kwalitatyf
goede wethâlders it wurk docht. It CDA hat wat de partijpolityk oanbelanget gjin sterke posysje
yn it kolleezje. GB twifelt net oan de ynset fan de kandidaten, mar freget him wol óf wat de ech
te wethâlderskwaliteiten binne.
De foarsitter: Zij kiest niet voor een inhoudelijke portefeuille. Raad en college willen toewerken
naar wederzijds vertrouwen en men verwacht van de voorzitter van de raad de koers te behou
den. Het lijkt haar dan onverstandig om zich met een inhoudelijke portefeuille bezig te houden. Zij
kan dan beter aan de versterking van het vertrouwen werken.
Twadde termyn
De hear De Vries (PvdA): Men hat it yn de takediskusje deroer hân om mooglik mei twa wethâl-
ders te wurkjen. Dat jilde ek foar de PvdA, mar de útfiering fan alle plannen sil hiel wat fergje
fan de wethâlders, benammen ek op it mêd fan de kommunikaasje.
De hear Seldenrust (FNP): Yn de takediskusje hat men it der oer hân om te ûndersykjen om fan
trije nei twa wethâlders te gean. Twifelet de hear De Vries oan syn eigen kwaliteiten? Jout er
himsels in brevet fan ûnfermogen?
De hear De Vries (PvdA): Fynt dat men op dy wize net mei elkoar omgean moat.
De hear Seldenrust (FNP): Wat is de úteinlike reden dat de twa wethâlder-kandidaten net mei syn
twaen de karre lûke kinne?
De hear De Vries (PvdA): Syn fraksje woe mei trije wethâlders trochgean, fanwegen it wurk dat
op it kolleezje ófkomt. Ut Den Haach komt der ek hyltyd mear by de gemeente telâne. De FNP
hie ek de ófwaging meitsje kinnen om mei ien fan de trije wethâlders yn it kolleezje te sitten.
De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat noait witten dat men mei in fulltime wethâlder komme
koe. Wêr bliuwt dan de kwaliteit as men net mei twa wethâlders it kolleezje foarmje kin?
De hear De Vries (PvdA): De fraach is oft it de feiten binne. Men koe dochs allinne op trije wet-
hâlders útkomme? De PvdA hat syn eigen ferantwurdlikheid om wethâlders foar te dragen en
dêrfoar hat men as partij ek profylsketsen. In wethâlder moat bepaalde eigenskippen (yntegriteit
en bestjoerlike ûnderfining) hawwe en de twa oandroegen kandidaten krigen genóch betrouwen.
De hear Hemminga (GB): Hat men deroer praat om kandidaten fan bûten te benamen?
De hear De Vries (PvdA): Dêr is yn de algemiene ledegearkomste oer praat. Men woe lykwols de
kandidaten út de groslist helje. Hy fynt it spitich dat de FNP de formateur de skuld yn de skuon
skoot, want dêrmei dogge se neffens him de formateur gjin rjocht.
Pagina 8
05 ferslach 11 -04-2006/absh/8