De hear A. Seldenrust (FNP) seit dat yn it ferslach wol stiet dat it in B-stik wêze soe en dat is neffens him net sa. Mefrou A. Meinderts-Goinga (CDA) hat har steurd oan de kop yn de krante nei de riedskommisje, dy't melde dat "der mar wat oankloaid wurdt". Dat negative imago moat no krekt ôfskodde wur- de. It CDA fynt dat de brede skoallen der komme moatte, der is no dúdlikheid en it fertrouwen is der wer. Wethâlder D. van der Meulen is bliid mei de stipe foar de oanpak fan it kolleezje, der sil alles oan dien wurde om it projekt binne de rûzings slagje te litten. It kolleezje tinkt dat der gjin fertragings mear oprûn wurde sille. It projektplan is der hooplik yn septimber en dan komt der ek in foarstel oer de partisipanten en it finansjele plaatsje, sadat de ried in keuze meitsje kin. It no frege kredyt bliuwt wol binnen de plankosten, mar moat formeel oanfrege wurde. Dat it sa fier komme kinnen hat is lestich te achterheljen, belangryk is dat der no mei in strakke oanpak de saak goed rinne te litten. It moat net wer sa, dat is wol dúdlik. De ried hat in ynstru- mint yn hannen om saken ûndersykje te litten, dus dat is oan de ried. Hy tinkt dat no alles yn byld is en neffens him strielt it stik dat ek út. Yn it foarstel hie de tekst Onder it kopke riedskom misje der net yn stean moatten. Mefrou P. Esser (PvdA) fynt dat it wol maklik is om te sizzen dat dit sa net kin, want it giet hjir om in hiel kompleks projekt, dêr't in hiel soad partners by belutsen binne. De voorzitter constateert dat de raad akkoord gaat met het voorstel. 11Foarstel ta it feroarjen fan de gearkomstestruktuer. Mefrou J. Dekker-Hoogeveen (PvdA) makket de kommisje dualisearring en griffier kompliminten foar dit stik wurk. Om it dualisme in kâns te jaan moat de ried op nei fernijing. De grûnwet jout oan dat de boargemaster foarsitter wêze moat fan de ried, sawol de opiniearjende as de offisjele. De PvdA soe him yntinke kinne dat dat splitst wurdt, dat de ried it iene part foarsit en de boar gemaster it oare. De kommisje dualisme soe dat nochris beprate kinne. De PvdA mist yn it wurk- list-foarstel it punt "fragen stelle oan it kolleezje". De PvdA pleitet der foar dat ynwenners presin- taasjes yn de ried hâlde kinne, sadat de polityk tichter by de boarger komme kin. It gearkomstes- kema soe de PvdA noch graach oanpast sjen, omdat in fraksjelid dizze jdn beslist net past. Se freget oft de kommisje dualisme dit nochris besjen wol. De PvdA stimt wol yn mei it foarstel. De hear J.S. Zijlstra (CDA) seit dat it CDA ynstimt mei it foarstel en dat de troch de PvdA yn- brochte punten noch wol in kear besprutsen wurde kinne. De bedoeling fan it stik is om de be- slútfoarming sneller gean te litten, mar dat moat net in falkûle wurde, want guon besluten moatte soms ek rypje. De kommisjegearkomsten wiene altiten hiel leechdrompelich, de kâns bestiet dat in riedsgearkomste wat formeler is, it opiniearjende part moat dus leechdrompelich bliuwe. By de evaluaasje yn desimber moat neffens it CDA ek de miening fan kolleezje, amtners en belangen behartigers belutsen wurde. Mefrou G.R.Jonkman-Kalsbeek (FNP) fynt dat der twa gearkomsten wêze moatte, ien foar de opiny-foarming en ien foar de beslútfoarming. De FNP giet der fan út dat de wurklist wol yn it Frysk wêze sil en dat alle punten dy't oant desimber oanlevere binne wol syn gerak krije sille en net ôfraffele hoege te wurden. De hear J. Hemminga (GB) seit dat GB bliid is mei de nije struktuer en net bang is dat it formele aspekt neidielich wêze sil, de ried moat it seis ynteressant meitsje. Pagina 9 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 11