Wethâlder De Vries: Der wurdt in parallel lutsen mei de oare projekten. It kolleezje wol stjoere op grûn fan dúdlikheid oer de planning en de finansiering fan de grutte projekten. Men hat de saken yn byld; it kin hjir en dêr noch better. Neffens him is yn de breedte dan ek sprake fan in gedegen en sûne oanpak. De hear De Jong (PvdA): Hij is blij met de laatste toevoeging. Hij heeft er vrede mee als hij in de toekomst niet meer met conclusies als in het voorliggende stuk geconfronteerd wordt. Hij vraagt zich af wat er in korte tijd veranderd is. Zijn alle projecten dan al doorgelicht? Dat zou in ieder geval voor het einde van het jaar het geval moeten zijn. De hear Hemminga (GB): Mei de keuze fan de projektlieder komt der no dúdlikheid. Men moat dêrom by de oare projekten kwalitatyf goede projektlieders oanlûke. It kolleezje moat dêr nochris kritysk nei sjen. Mefrou Jonkman (FNP): Sy hopet dat men mei de minsken goed fan tefoaren om de tafel sitten giet, sadat dy net dwers hoege te lizzen. Sy slút har oan by de wurden fan de PvdA. Wethâlder Van der Meulen: Men wol de minsken it rjocht om in proseduere oan te gean net ûnt- nimme. Troch de kommunikaasje goed op te pakken wol men soks sa folie mooglik foarkommt Mar der binne altyd minsken dy't in proseduere oangean wolle. De hear Seldenrust (FNP): Hy makket beswier tsjin de léste opmerking. De minsken kinne ek in proseduere oangean omdat sy yn har rjocht steane. Dêrom moat der fan tefoaren oerlis mei dy minsken wêze. Wethâlder Van der Meulen: Men moat konstateare dat der minsken binne dy't prosedeare om te prosedearen. Hy hat der op himsels neat op tsjin dat minsken beswier meitsje. Mefrou Jonkman (FNP): Freget hjir dochs om in positive ynstelling. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat der betrouwen yn dat it goed ferrint. Mochten der lekken wê ze by de projekten dan sille dy foar de ein fan it jier boppe wetter komme. De foarsitter: Konkludeart dat de kommisje goed op 'e hichte brocht is. 11. Gelegenheid om fragen te stellen foar kommisjeleden. De hear Zijlstra (CDA): Der is in temajûn oer it bestimmingsplan bûtengebiet. Kin men jin dêr op tariede? Hy hat der neat fan sjoen. De hear Hemminga (GB): Hy hat al earder fragen steld oer de UMTS-mêsten. Der binne yn Alde- boarn fergunningen ôfjûn foar twa mêsten. Giet it dêrby ek om UMTS-mêsten? Der hat in proef west mei de dykfersmelling op it Brêgegat yn Akkrum. Wat binne dêr fierder de plannen? De proef foei net goed út. Mefrou Jonkman (FNP): Wol graach dat de fertroulike stikken yn in aparte slúf ferstjoerd wurde. De hear Seldenrust (FNP): Men krijt yn de fraksje gauris fragen oer de lokaasje fan de âlde Super de Boer. It fertutearzet dêr hielendal. It kolleezje soe mei Coltavast om de tafel sitten gean moat- te om dêr in oplossing foar te sykjen. Of giet it rjochting 'Halbertsmafilla'? Men hat in brief krigen fan de eigners fan boatsjes yn de swaaikom yn Akkrum. Hy hat der yn maart yn de kommisje fragen oer steld en de wethâlder hie tasein dat der kontakt opnommen wurde soe. Der is gjin ûntfangstbefêstiging kommen. Is de nije wethâlder ree om mei harren om Pagina 8 Fersl.ich WWR 27060?.006/i,bsh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 28