It bedrach dat foar de bedriuwsfiering opnommen is, is ek echt foar noadich om it ynsleine trajekt óf te meitsjen. It kolleezje siket ynmiddels nei subsydzjepotsjes foar it fytspaad Grou-Wergea en hopet dat dat slagje sil. It fytspaad hat ek by it kolleezje grutte prioriteit, mar wol it wol soarchfâldich dwaan en dat kostet jild. Foarkommen moat wurde dat subsydzjejild werom betelle wurde moat. It kol leezje sil de ekspertize fan de wurkgroep der by belûke. As it mooglik of handich is om earst in part út te fieren dan sil it kolleezje dat dwaan. Mefrou J. Dekker-Hoogeveen (PvdA) freget - by ynterrupsjes - oft oanlis yn fazen net djoerder wêze sil? Wethâlder D. van der Meulen antwurdet dat oanbesteging yn 1 kear meastal goedkeaper is, mar hy seit ta dat dit ûndersocht wurde sil. It jild dat der earder foar reservearre wie, is neffens him yn de maitiidsnota fan 2005 ferparten. As de ried wol dat it fytspaad earder útfierd wurde moat, sil der wol jild frijmakke wurde moat- ten mar it kolleezje sjocht der no gjin mooglikheden ta. It kolleezje docht alle war om it Frysk mear te brûken en dielt de soarch fan de FNP oer de grutte projekten. As it kolleezje tinkt dat it moat sil der yngrypt wurde. De oanpak fan de Dilleslus hie it kolleezje ek graach ûnder it Friese Meren Project beflappe wol len, mar restauraasje/renovaasje-projekten kinne net oanmelden wurde. De nije steiger sil noch wol besocht wurde oan te melden. De hear A. Seldenrust (FNP) - by ynterrupsje - mient dat de slûs wol op de groslist stie. Wethâlder D. van der Meulen befestiget dat, mar hat it antwurd krigen dat it net subsidiabel is, de nije steiger miskien wol. Wethâlder M. E. Minkes seit oer it Griene Krúsgebou dat it goed is om jin nochris te realisearjen wêr't dizze apparteminten úteinlik foar boud wurde, want de diskusje ferwurdt no mear en mear ta in foarm, mar der leit in wichtige reden ûnder, dy't tige wichtich is foar de mienskip fan Grou. Wethâlder A.J. de Vries seit dat de FNP ta dat de moasje dizze hjerst goed útfierd wurde sil. It kolleezje dielt de soarch fan de ried oer de grutte projekten en sil der alles oan dwaan om it yn de hân te hélden. De Dilleslûs komt net yn de beneaming foar subsydzje út it Fryske Marreprojekt, mar de ried hat wol besletten om alle projekten fan de groslist foar 2015 út te fieren. Wêr noa dich en mooglik kinne projekten nei foaren helle wurde. Oer it grûnbedriuw seit hy dat it in goed idee is om mei in aksjeplan te kommen. De kommisje grûnbedriuw sjocht nei hoe't it fierder moat mei it grûnbedriuw. Oer it Fryske Marreprojekt seit hy dat de rapportaazje hast klear is en sa gau mooglik rjochting ried komt. De hear J.W. de Visser (PvdA) vraagt of het college weet dat de kamer de "slappe-bodem- regeling" heeft aangenomen. Is het mogelijk dat daaruit geld komt voor de aanleg van een fiet spad door het Leechlân? De hear J. Gerbrandij (CDA) stipet de wethâlder yn syn realistyske wurkwize. De hear S. Bouma (VVD) - by ynterrupsjes - bespeurt by wethâlder en CDA in weromhâldend- heid om jild binnen te heljen, mar dy hâlding sprekt him net oan. De hear J. Gerbrandij (CDA) leit út dat it him giet om it brûken fan de 100.000 en om it yn de pas bliuwen. Pagina 5 03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 7