Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) freget om in skorsing nei de twadde termyn foar oerlis oer it
yntsjinjen fan in moasje.
De oanlis fan it fytspaad soe miskien wol yn ien kear oanbestege wurde kinne, mar dan yn parten
útfierd wurde. Se fynt it spitich dat de Bangafeart net tagelyk útbaggere wurde kin mei it op
knappen fan de slûs, de FNP tinkt dat dat kin troch wurk mei wurk te meitsjen.
De hear J. Gerbrandij (CDA) - by ynterrupsje - tinkt dat de FNP net goed begrypt wat de term
"wurk-mei-wurk-meitsjen" ynhâldt, want dat is yn dit gefal net mooglik.
Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) freget hoe fier it is mei de taseine sanitêre foarsjenning by it
Stalt yn Akkrum.
De hear S. Bouma (VVD) tinkt dat oan it ûndersyk nei fytspaad Grou-Tûtsebrêge gjin sint mear
útjûn hoecht te wurden, omdat dat allegear al dien is. De foar 2007 reservearre 100.000 foar
it ûndersyk is dan ek skande fan it jild. De VVD advisearret om by DS nochris nei te freegjen oft
der noch subsydzjemooglikheden binne. De VVD wol dan ek dat de 100.000 brûkt wurdt foar
de útfiering en net mear foar ûndersyk.
De hear J. Hemminga (GB) wiist der op dat it by it fytspaad ek foaral om feilichheid giet. Yn
2005 is nei in moasje fan de FNP tasein dat it jild dat reservearre wie foar it fytspaad Grou-
Wergea te bestimmen foar it fytspaad Grou-Warten, mar der is gjin beslút oer nommen. GB wol
witte wêr't dat jild bleaun is, it giet dan om 335.000 of 24.000 op jierbasis.
Wethâlder D. van der Meulen befestiget dat de sloppe-boaiem-regeling út de maaie-sirkulêre
meinommen is. De ris úteinlik in plus fan 200.000. By de trochkyk nei de simmer moat besjoen
wurde oft der noch wat oerbliuwt, omdat dit bedrach noadich is foar de gewoane bedriuwsfie-
ring.
De hear S. Bouma (VVD) - by ynterrupsje - fernuveret him der oer dat dit bedrach ek ynsetten
wurde sil foar de bedriuwsfiering.
Wethâlder D. van der Meulen seit dat dit mei de ynflaasje te krijen hat, dit bedrach is dêrfoar
noadich.
De hear J.W. de Visser (PvdA) - by ynterrupsje - hat heard dat ien en oar op nul útkomme sil,
eksklusyf it jild fan de sloppe-boaiem-regeling.
Wethâlder D. van der Meulen hopet dat mei de ried en as dat sa is sil dat de ried nei de simmer
meidield wurde. Foar it fytspaad wol hy earst hiel wis wêze wat de mooglikheden binne om foar
te kommen dat subsydzjes evt. werom betelle wurde moatte.
De hear J. Hemminga (GB) - by ynterrupsje - stelt foar om it earste stik sûnder subsydzje oan te
lizzen en ûndertusken de mooglikheden te ûndersykjen. Wat hat dan úteinlik de tasizzing fan it
foarige kolleezje foar wearde?
Wethâlder D. van der Meulen bliuwt der by dat as de ried dat wol der ek jild beskikber foar steld
wurde moat. Yn de nota 'voorzieningen en reserves' sit it jild net en sa hat dit kolleezje de boedel
oerkrigen.
Mefrou L. Veldstra-Lantinga (FNP) - by ynterrupsjes - referearret oan in ferslach dat ôfpraten is
dat it neamde jild earmerke is foar it fytspaad, sy freget wat dat dan betsjut?
Pagina 6
03 a-verslag raad 11-07 2006/bp/6