Pagina 2 De hear Hemminga (GB): Formeel hat de FNP gelyk. De befolking hat ek gjin kâns hân om te rea- gearjen op it wizige foarstel en de status is noch net definityf. GB hat der gjin probleem mei om it no te behanneljen, mar dan ûnder it mieningsfoarmjende part. De hear Bouma (VVD): De VVD hat ek mear each foar in foarlopige útwurking en fielt ek foar be- hanneling yn it mieningsfoarmjende part. De hear Gerbrandij (CDA): It hat al yn de mieningsfoarmjende faze west en it kin neffens him dêrom sa op de aginda stean bliuwe. Mefrou Dekker (PvdA): Freget oan de hear Hemminga wat dan no krekt it ferskil is. De hear Hemminga (GB): It giet niet allinne om it punt oft it no definityf of in Ontwerp is. Der komme ek oare punten oan de oarder. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA fynt net dat men der no wer oer prate moat. It is al wiidweidich besprutsen. De foarsitter: Stelt vast dat de meerderheid van de vergadering het punt wil behandelen in het besluitvormende deel van de vergadering. De hear Van der Meer (GB): Hoever wil men gaan om van formeel af te wijken? De foarsitter: De raad is net gehoord en heeft in meerderheid voor de voorgestelde agendering gekozen. De hear Van der Meer (GB): Hij is ook onderdeel van de raad en vindt het niet juist. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 3 oktober 2006 De hear Van der Meer (GB): Side 1: Hy wie mei kundskip ôfwêzich. De foarsitter: It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken De foarsitter: Gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidieiings: a: Mûnlinge meidieiings troch portefúljehâlders Wethâlder Van der Meulen: De FNP hat fragen steld oer Omrin. Foar de ein fan it jier sil it kolleez- je ynformaasje jaan. Wethâlder Minkes: Der wie ien beswier yntsjinne tsjin de bou fan de apparteminten op it plak fan de âlde mavo. De skorsing op fersyk fan de deselde beswiermakker is ôfwiisd en dermei is it pro- jekt blokkadefrij. Men krijt noch ynformaasje oer it projekt skuldhelpferliening. Oer de UMTS-mêsten: de providers komme yn novimber mei ynformaasje en sy fûn it goed dat dy ynformaasje dan ek yn de diskusje meinommen wurdt. De hear Seldenrust (FNP): Hat it ek gefolgen foar it tariedingsbeslút foar Spikerboor? ferslach 31102006/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 16