Pagina 4 De hear Bouma (VVD): De VVD sprekt ek de kompliminten út foar de oanpak. De VVD hat wol soargen oer it tekoart yn dizze faze. Op side 2 wurdt steld: 'In Akkrum ligt de nadruk op de totale inrichting van het gebied in een keer.' Mar eventuele wenningbou soe pas nei 2009 spylje wylst de skoallen yn 2009 klear wêze moatte soenen. Moat men dêr wol huzen bouwe? Yn Grou spilet de beheinde romte. Dêr moat ek in goede ûntsluting komme foar de wiken. De VVD wol ek de opmerkingen fan de ynsprekker oer de sport honorearje. Dy hie it oer in multy- funksjoneel sintrum. Men woe al lang yn Grou in soarte fan teaterseal en it soe moai wêze as dat meinommen wurde kin. It antwurd op de fragen oer de duorsumens fan de gebouwen is foar him wat te abstrakt. Wurdt dat (û.o. enerzjymaatregelen) as opdracht meijûn oan de arsjitekt? De hear Hemminga (GB): Slút him oan by de kompliminten oan de projektlieder. GB hat op grûn fan de ynformaasje fan de projektlieder der betrouwen yn dat men mei it jild útkomt. It giet pri- mêr om it dnderwiis. De projektlieder moat ek goed sjen nei de easken fan it bewegingsûnder- wiis. Elke partisipant moat úteinlik beslute oft men it jild der foar oer hat. Hy freget ek omtinken foar it swimbad. Dat moat oan bepaalde easken foldwaan. De brede swimbadkommisje hat bop- pedat goede oansetten foar in eksploitaasje-opset jûn. Hy winsket de projektlieder in protte súk- ses ta mei de fierdere útwurking. De hear Vellinga (PvdA): Neffens de útlis leit de point of no return mids 2007. Der wurdt no al in frij heech bedrach útjûn. As men úteinlik nee seit moatte der dochs nije skoallen boud wurde en is de pot dan net leech? Der wurdt frege 2 miljoen frij te meitsjen. Op 6 jannewaris binne de ri- siko's fan it hiele projekt better yn byld en soe men net better dan pas in oar diel fan it kredyt ta- kenne kinne? Wa draacht it risiko as ien of mear partisipanten ôfheakje? Binne de omwenners fan de lokaasje êlde mavo bypraat en is de ûnrêst út de wrêld? Yn Akkrum binne ferskate funksjes yn Leppehiem yntegrearre, hat de komst fan de brede skoalle konsekwinsjes? Foar de skoallen binne prognoazes makke. Men hat steld om net te krap te bouwen. Wurdt de prognoaze bysteld Onder it bouproses? En wurdt der rekken hélden mei de befolkingsûntwikkeling yn Fryslên? Wethâlder Van der Meulen: Betanket foar de positive wurden fan de ried. De gemeente hat te meitsjen mei romtlike beheinings foar O.o. de bou fan kantoaren. It mei ek net negatyf wêze foar de útwurking fan de skoallen. Dy moatte op in sa goed mooglike lokaasje komme. Men moat wol sjen nei de totale ynfolling fan it gebiet en dêrom sjocht it kolleezje ek nei de wenningbou. Mar it giet yn it earste plak om in goede lokaasje foar de skoalle. De ried kin yndied noch nei de fierdere útwurkings sjen. It is net wis dat der kontinginten komme. In multy-funksjonele seal is in winsk dy't al lang foar Grou bekend is. De winsk sil oan de projektlieder meijûn wurde. It aspekt duor sumens moat noch in fierdere ynfolling krije. It is it stribjen fan it kolleezje om ek fierder binnen it kredyt te bliuwen. Mefrou Dekker (PvdA): It is wichtich om as gemeente in foarbyld te jaan op it mêd fan it miljeu. Welke saken wol it kolleezje ynbringe oangeande de enerzjysunigens by de bou? Wethâlder Van der Meulen: Men wol dêr yn in ier stadium mei de ried oer diskusjearje. It béste moat net goed genôch wêze foar Boarnsterhim. Leit der nochris de klam op dat it yn it foarste plak om it ûnderwiis giet. Foar de sport moat men sjen wat helber en mooglik is. Yn febrewa- ris/maart 2007 sil dêr mear oer bekend wêze. Dat jildt ek foar it meidwaan fan de partisipanten. Mefrou Jonkman (FNP): It soe dochs ein desimber dúdlik wêze? De hear Buiter: De voorlopige overeenkomsten zijn bijna klaar. Op 6 februari ligt er een definitief voorstel voor de raad. ferslach 31102006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 18