Pagina 7 De hear Van der Meer (GB): 10 jaar lang met 22,75 euro verhogen en daarna terug naar 12 50 euro. Had men niet beter kunnen middelen? In 2004 waren de lasten 257 euro en nu 324 euro Dat is een verhoging van 25%. Waarom is die verhoging zo groot? De hear Vellinga (PvdA): Komt men op dizze wize net yn de topregio's foar de belestingen? Der binne oan no ta gjin easken steld oan de reinwetterrioelen. Binne de easken net te ferwachtsjen op koarte termyn en hat men dan net in oar probleem? Op side 21 wurdt it gegevensbehear fan Akwario neamd. Hat de gemeente in backupsysteem? Wethélder Van der Meulen: Yn it ferline is in tal saken nei Akwario ôfstjitten. Der is regelmjittich goed oerlis mei de gemeente. As Akwario ôffalt, dan soe men in probleem hawwe. It is in goed draaiend bedriuw en hy hat dêr gjin ferkeard gefoel oer. De ried krijt ynsjoch yn wat Akwario no krekt docht. Yn de doelstelling sit in stik ambysje en miskien kin men dy yn de folgjende perioade wol helje. It jout nei de ried ek oan hoe't it der by stiet. De ôfkeppeling fan reinwetter fynt al faak plak. De gemeente antysipearret op de 'kaderrichtlijn water'. It is opdracht om foar de takomst te sjen nei de fersmoarging fan it reinwetter en it tsjingean dêrfan. Men wol de saken goed op oarder hâlde en dat kostet jild. By middeljen krijt men in probleem mei de reserve. Hy wol de ried noch skriftlik ynformearje oer de tariven fan de léste jierren. Boarnsterhim sit mei de tariven net boppe yn de beam. As men it trochrekkenet dan wol, mar hy wit net krekt hoe't oare gemeenten mei de kos- te-tarekkening omgeane. Nei 5 jier wurdt it opnij besjoen. Twadde termyn De hear Gerbrandij (CDA): Oangeande de opmerking oer it ôfkeppeljen fan it reinwetter: hy wol óf fan de oerstoarten op it polderwetter. Mefrou Jonkman (FNP): Sy hat heard dat Akwario net tefreden is oer bepaalde putten. Kin men dêr noch wat oan dwaan? De hear Van der Meer (GB): De kapitaallasten zijn in 2006 lager dan in 2004 begroot. De rente lasten zijn ook minder geworden. Is dan de stijging van 22,50 euro per jaar wel verantwoord? Men zou dan toch mogen verwachten dat het lager wordt? Wethélder Van der Meulen: Ut it ferline binne in tal saken net trochberekkene. Der moat ek rek ken hélden wurde mei de ynflaasje. De hear Van der Meer (GB): Dan nog halat men volgens hem niet de 22,50 euro. Wethélder Van der Meulen: Hy kin oanjaan dat it wol nedich is. Troch de finansjele útwurking kin hy de hear Van der Meer miskien oertsjûgje fan syn gelyk. Der binne ôfspraken makke mei Akwario hoe faak kolken lege wurde. As der problemen binne dan moat men dat trochjaan. Mefrou Jonkman (FNP): Akwario seit dat dat útbestege is. Wethélder Van der Meulen: Hy sil der nei sjen. As kolken net goed lege wurde dan sil der wat oan dien wurde. Men is dwaande om de oerstoarten safolle mooglik te beheinen. It sil noait hie lendal sûnder kinne. De foarsitter: As B-stik nei de ried fan 28 novimber. ferslach 31102006/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 21