38%. Men heeft dan wel een paar heel grote posten vergeten. Waarom is het niet in het voorstel niet meegenomen? En hoe kon het voorkomen dat er 30 km riolering zoek geweest is? De hear Van der Sluis (VVD): Wat foar wearde hat sa'n buro dat sokke grutte saken ferjitten wurde en dat men safolle hegere kosten krijt? Wethâlder Van der Meuten: De fragen fan de hear Van der Meer binne technysk fan aard. Sa'n trijekwart is ferklearre yn de brief. De hear Van der Meer (GB): Men heeft dus een verklaring gekregen voor ruim 4 euro in plaats van voor 9,75 euro. De zoekgeraakte 30 km was er niet bij genoemd. Wethâlder Van der Meulen: Dat is in kwestje fan ynterpretaasje. Der hienen wol bepaalde saken skerper trochrekkene wurde moatten. Men nimt alle jierren 10% oan ynspeksje mei. Mefrou Jonkman (FNP): Sy fynt de opmerking fan de wethâlder oer de ekstra kilometers te koart troch de bocht. Wethâlder Van der Meulen: As de ried it nivo net wol fanwegen de kosten dan moat men foar in leger nivo kieze. De hear Van der Meer (GB): Het gaat niet om het niveau maar om het feit dat een groot deel van het extra bedrag er de vorige keer niet bij stond. Wethâlder Van der Meulen: Hy fynt it ek in grut bedrach. Hy hopet dat by it folgjende GRP alle saken der goed yn ferwurke binne. It buro krijt de input fan de gemeente. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.4 Foarstel oangeande it fersyk om planskea op grûn fan artikel 49 WRO foar de Frico- weg, Kleijstrjitte en Nieuwoldstrjitte te Wergea. De foarsitter: In het verleden kwamen deze voorstellen in de commissie en niet meer in de raad. Vandaar dat ze nu als b-stuk opgevoerd worden. De hear Seldenrust (FNP): Ynhâldlik is it foar de FNP wol akkoart. Der stiet dat it 2 jier duorre hat foardat it foarleit. Dat soe eigentlik net mooglik wêze moatte. It ekskús dat it troch sykte net earder ôfhannele wurde koe, fynt er net akseptabel. Soks moat mei faasje oanpakt wurde. Binne der noch mear fan ditsoarte gefallen op de ôfdielings? As dat sa is dan wol er dêr graach skriftlik oer ynformearre wurde. De ferantwurdlike mei him soks wol oanlûke. De hear Zijlstra (CDA): It binne beide claims út 2004. It kin no ôfdien wurde troch it kolleezje en dan giet it neffens him flugger. Wethâlder Minkes: Yn it tiidpaad sit in gat tusken 15 maart 2005 en 21 oktober 2005. Men sil in ûndersyk ynstelle oft der út dy perioade noch mear saken lizze en dat sil dan as dat is oan de ried trochjûn wurde. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.5 Foarstel oangeande it fersyk om planskea op grûn fan artikel 49 WRO foar Stûkenwei 5 te Warten De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. Pagina 11 1 03 ferslach 28-11-2006/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 13