Wethâlder Minkes: De provinsje moat opnij in beslissing nimme. As alles tsjin sit dan soe it be- tsjutte kinne dat elke bou-fergunning ûnder de artikel 19, lid 1 proseduere fait. En de nije fisy komt wol opnij iepen te lizzen foar beswier. De hear De Visser (PvdA): Op de foarige riedsgearkomste hat de jongereinried nei foaren brocht dat it wichtich wie dat der goedkeaper starterswennings komme kinne. Hy hat wat ûndersyk dien. Yn 2004 binne yn Kasteren wenningen realisearre foar gemiddeld 122.000 euro. De huzen binne goedkeaper omdat de jongeren yn eigen behear bouwe. De âld-wethâlder fan dy gemeente wol wol in advisearfende rol spylje foar Boarnsterhim. Hy oerlanget it dokumint oan de jongerein ried. Wethâlder Minkes: De saak hat ek oan de oarder west yn it petear oangeande de werstrukturear- ring mei DFFG. Sy fynt it nuttich dat de ynformaasje trochspile wurdt. Mefrou Jonkman (FNP): Wiist derop dat der miskien ek starterswenningen yn Wergea komme troch de trochstreaming. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2, 3.4 o/m 3.7 Mefrou Postma: Zij spreekt namens IVM de Lege Midden. Men heeft in de periode 2002/2004 de inventarisatie van de monumentale en beeldbepalende bomen uitgevoerd. De raad moet zich bui gen over de 4 scenario's. Scenario 4 wordt door IVM volledig afgewezen. Men heeft de voorkeur van scenario 2 boven 3, maar men heeft daarbij een aantal kanttekeningen. Men heeft gepro beerd een zo volledig mogelijke lijst te maken. De bomen in het buitengebied zijn evenwel niet ge ïnventariseerd en men kan ook bomen over het hoofd gezien hebben. Sommige eigenaren hebben geweigerd aan het onderzoek mee te doen. De lijst zou de komende zomer geäctualiseerd moeten worden. Men kan zich helemaal vinden in scenario 1Gezien de opstelling van sommige eigena ren is het beter dat de lijst geen officiële status krijgt, maar een signaleringsstatus. De lijst is dan wel verouderd maar de actualisatie zou door vrijwilligers en stagiaires opgepakt kunnen worden. De hear Hofstra: Hy hat der grutte problemen mei dat it grien minder beskerming krijt. It behear lit in protte te winskjen oer. Op Biensma waard okkerdeis samar kapt. By neifraach die bliken dat der neat oanfrege wie. By de oanlis fan in ynrit en fragen dêroer wie de reaksje fan de gemeente dat de beammen dochs al fuort binne. As men de fergunnings no noch lichter makket dan barre der noch mear fan sokke saken. Goutum wurdt fan Techum skieden troch in griensône. Troch sa'n nije kapfergunning kinne de beammen lykwols samar wer kapt wurde. Wêr bliuwt de stedeboukundige Onderbouwing as de beammen by de ynfolling fan de lokaasje Griene Krúsgebou samar kapt wurde kinne? De opbringsten binne mar in pear tûzen euro per jier. Hy pleitet derfoar dat men by de beslút- foarming sa ticht mooglik bliuwt by de beskerming fan it grien. 3.2 Opiniearjend foarstel ta it ûntwikkeljen fan in kapfergunningenstelsel (ynklusyf presin- taasje) De hear Nicolai jout mei help fan sheets in koarte presintaasje oer it belied oangeande kapfergun- nings fan de gemeente. De foarsitter: Wijst erop dat het een opiniërend stuk is en dat de raad een richting moet aange ven. De hear Hemminga (GB): Der is troch de ried op oantrune om minder regels ta te passen. Grien is faaks in subjektyf begryp. Sa'n 50 jier lyn wie der folie minder grien yn de gemeente. De minsken fine grien faak moai en hechtsje dêr wearde oan. Dan hoecht men neffens GB gjin rigels op te Pagina 3 1 03 ferslach 28-11-2006/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 5