stellen. De minsken witte seis wol wat sy moai fine en der sil neffens him gjin kealslach plakfine. GB fielt der dan ek foar it hielendal óf te skaffen. De hear Van der Woude (PvdA): De PvdA-fraksje wol graach dat der minder regels komme. De opset fan de kapfergunning moat folge wurde troch mear stappen. Hy is it ynhâldlik aardich iens mei de foarige sprekker, mar men is wol ta in oare konklúzje kommen. De PvdA-fraksje kiest foar senario 3. It hat yn de oanrin wat tiid en jild nedich, mar it sil yn de takomst op de gemeente ta komme. De kosteberekkenings ferskille yn de stikken. Der moat wol sprake wêze fan kostendek kende leezjes. Troch it kommende belied soene der aardich minder beammen yn de gemeente oer bliuwe kinne. Dat is fan ynfloed op it C02 gehalte yn de loft. Is men ree om nei te tinken oer in ûndersyk om bygelyks yn it ramt fan de doarpsfisys en werstrukturearring nei te tinken oer ekstra beammen yn de doarpen? Mefrou Veldstra (FNP): In komplimint foar de Fryske presintaasje fan de hear Nicolai en in kom- plimint oan mefrou Postma foar de ynventarisaasje. It ófskaffen fan de regels is effisjinter en klantfreonlik. It giet wol om it behâld fan de beammen. Senario 4 giet de FNP te fier. Senario 1 is net mear fan dizze tiid. De senario's 2 en 3 sprekke de FNP-fraksje it meast oan. Der moatte wol kritearia komme foar de monumintale beammen bóten de beboude kom. Boppedat moat de list aktualisearre wurde. De ried sil in beslút nimme moatte. By senario 2 jildt allinne de melding splicht en dat is op himsels effisjint. De FNP twifelet noch tusken senario 2 of 3. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is eins foar senario 3. Elk hat syn eigen ferantwurdlikheid en de monumintale beammen wurde dan bewarre. Der moatte wol kritearia opsteld wurde en de listen moatte aktualisearre wurde. Dat soe miskien barre kinne yn gearwurking mei PB-en, dy't meas- tentiids in grienkommisje hawwe. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is foar minder regels. Men wol lykwols net dat monuminta le beammen kapt wurde en dêrom is men foar senario 3. It ynventarisearjen soe plakfine kinne mei help fan frijwilligers, stazjêres en PB-en. Hy is ek foar it idee om mear beammen by de doar pen te plantsjen. Minsken wurde foarsichtiger om beammen te plantsjen, omdat men letter mis kien gjin kapfergunning krije kin. It is goed foar it C02 gehalte en foar it oansjen fan it plattelân dat der mear beammen komme. Dat jildt ek benammen foar grutte gebouwen. Wethâlder Van der Meulen: It kolleezje is ek wiis mei de Fryske presintaasje. Der sil noch sjoen wurde nei de kosteberekkeningen en nei de suggestje om mear grien yn doarpen oan te bringen. Men soe bepaalde grienstruktueren oanwize kinne as monumintaal, sadat der gjin kealslach plak fine sil. Hy wol dat yntern besjen. De hear Hemminga (GB): Wat ferstiet men ónder 'monumintaal'? Wethâlder Van der Meulen: Yn de presintaasje is besocht om dódlik te meitsjen wat 'monumin taal' is. Yn it foarstel sil der in fierdere ynfolling oan jón wurde. Hy tinkt dêrby bygelyks oan sin gels yn it bótengebiet. De hear Van der Meer (GB): Volgens hem denkt de wethouder aan 'beeldbepalend'. Maar men moet criteria hebben voor het begrip 'monumentaal'. Wethâlder Van der Meulen: len en oar sil oan de ried foarlein wurde. En men moat dan keuzes meitsje. Mefrou Dekker (PvdA): Der is in lanlike feriening dy't har mei dy saken dwaande hâldt. Foar it begryp 'monumintaal' en 'byldbepalend' binne bepaalde skaaimerken en kaders oanjón. Pagina 4 1 03 ferslach 28-11-2006/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 6