De hear Van der Meer (GB): GB is voor het plan van Adema. Uit Grou kreeg men steun voor het plan. Het andere plan voldeed ook niet aan de randvoorwaarden. De hear Bouma (VVD): De VVD is noch altyd foar plan A. De hear Seldenrust (FNP): By de memo fan 8 jannewaris hat de FNP noch in kanttekening, benammen oer de beäntwurding oer de fraach fan it sloopmateriaal. It is nuver dat dy materialen (û.o. dakpannen) troch it foarige kolleezje sa mar weijûn binne en dan giet it foar 3 jier oer sa'n 4000 euro. Dat gie tsjin it beslút fan de ried. Dat fernuveret de FNP tige. It Bulthuismuseum stiet net yn Snits, mar yn Ljouwert. Men stipet plan A. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA bliuwt by plan A. Wethâlder De Vries: It kolleezje wit yn watfoar rjochting men fierder gean moat. De dakpannen binne der net. Opslach kostet ek jild en dat hat mei de reden west om dy fan de hân te dwaan. De hear Seldenrust (FNP): Der hie fêst wol in ûndernimmer west dy't foar 3 jier foar 4000 euro wat opslaan wol. It giet him benammen om it beslút fan de ried dat de materialen wer brûkt wurde soenen. Wethâlder De Vries: Men kin de feiten net mear weromdraaie. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. 4.3 Foarstel om it beswierskrift fan de hear Oostra rjochte tsjin it fêststellen fan in tariedingsbeslút artikel 21 WRO foar it doarp Terherne ûnbegrûne te ferklearjen De hear Riemersma (FNP): De FNP-fraksje is it wol iens mei it foarstel. Der stienen ek saken yn it beslút fan de Kommisje Berop en Beswier oer de boufergunning. De gemeente wie der mis mei dat men it opkeare koe. Der hie in ûntwerpbestimmingsplan op besjen lizze moatten, dat is net dien en no moat de boufergunning ferliend wurde. By in tariedingsbeslút sûnder in ûntwerpbestimmingsplan is der mar in jildichheid fan in jier. Dêrom moat men besykje om der dochs in ûntwerpbestimmingsplan by te lizzen om net-winske Ontwikkelingen op te kearen. De minsken dy't it oangiet, moatte ek witte hoe't it krekt sit. By de fierdere ôfhanneling fan dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. Mefrou Schadd-de Boer (portefuljehêlder): De heer Riemersma heeft volstrekt gelijk. Men zal er in de toekomst bij voorbereidingsbesluiten goed naar kijken om ongewenste ontwikkelingen te kunnen voorkomen. Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): It is neffens him nedich om de minsken dy't it oangiet better op 'e hichte te stellen. Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Als het nodig is, in algemene zin bedoeld, zal men de mensen erop attenderen. Wethâlder Minkes: Wiist derop dat oer it oanbelangjende gebiet noch hyltyd in diskusje oer it bestimmingsplan is. Yn 98% fan de gefallen komt der ek in ûntwerpbestimmingsplan achteroan. De foarsitter: Er wordt conform het voorstel besloten. Pagina 8 1 03ferslach ried 09-01 -2007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10