oantekene, mar dat is ûnbegrûne ferklearre. Der hingje GSM-antennes yn. Men kin net oan de boufergunning de betingst ferbine, mar dat hie men oan de frijstelling ferbine moatten (útspraak Kommisje Berop en Beswier oangeande mêst yn Aldeboarn). Op 6 febrewaris komt der ynformaasje oer it belied foar UMTS-mêsten yn de ried. Mefrou Veldstra (FNP): It ferbrânen fan reid soe neffens de APV oant 1 april meie. Soe dat net nei foar 1 maart moatte yn ferbân mei it briedseizoen? Wethâlder Minkes: Sy kin har de fraach goed foarstelle mar hat der sa gjin antwurd op. Der komt noch ynformaasje oer. De hear Hemminga (GB): Oer it bedriuweterrein yn Reduzum: Der soene nije oerwagings wêze? Wêrom moat de saak opnij yn behanneling nommen wurde? Wethâlder Minkes: Sy hat yn desimber in petear hân mei de inisjatyfnimmers. Der moat noch oanlis plakfine en de gemeente hat foar de stúdzje mear tiid nedich. De útgongspunten fan it streekplan spylje by de beoardieling fan de gemeente in wichtige rol. Men sil it ek besjen moatte mei it each op de Ontwikkeling fan it bedriuweterrein yn Grou. Yn jannewaris komt men derop werom. De hear Hemminga (GB): Sitearret de wethâlder: 'In een breder perspectief plaatsen en de nodige voorstudies'. Dat hie men earder dwaan moatten. De minsken hat men sa fier krige dat alles klear is en no moatte dy minsken wer opnij begjinne. De gemeente moat har oan it eardere beslútfoarmingsproses hâlde. Wethâlder Minkes: De kwaliteit fan de beslútfoarming moat sa maksimaal mooglik wêze. Der kinne nije feiten en omstannichheden wêze. 4.8 Slute De voorzitter sluit de vergadering tegen 22.00 uur. yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 6 febrewaris 2007 de foarsitter, up ae puDiiKe tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 11 minsken. P. Schadd-de Boer Pagina 10 1 03ferslach ried 09-01-2007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 11