3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 en 3.10 oantemei 3.13 De hear Van der Meulen sprekt út namme fan de SAR. Hy fersiket agindapunt 3.13 fan de wur- klist te heljen. Der hat al in yntinsyf oerlis fan sa'n twa jier west. Hy Ijochtet de proseduere ta. Der is in advys fan de SAR oan it kolleezje útbrocht. It kolleezje soe in reaksje jaan op dat advys foar it fêststellen fan it definitive riedsfoarstel. Eventueel soe de SAR dan dêrop wer mei in advys komrne om dêrmei bepaalde punten yn it riedsfoarstel opnimme te kinnen. It kolleezje is lykwols dy ôfspraak net neikommen. Ek it amtlik apparaat hat net soarchfâldich wurke. De op besjen lizzen moattende stikken wiene der justermiddei noch net. Ek de fraksjes hawwe dus gjin gelegenheid hân om dy op tiid yn te sjen. Ropt de gemeenteried op om syn ferantwurdlikheid te nimmen. De rol fan de SAR hat in tafoegj- ende wearde. Bringt de útspraak fan de boargemaster 'Trust is the glue of society' yn it sin. Dat hâldt in yntins- je en in ferantwurdlikheid yn. Dêrom fynt de SAR dat der op dizze jûn gjin behanneling fan it stik plakfine kin en wol men der as SAR ek net ynhâldlik op yn gean. 3.2 Foarstel oangeande in bou-oanfraach foar it hielendal ferfangen fan it pân op it perseel Hoofdstraat 11 te Grou, kadastraal bekend GROOO A 4259. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD hat gjin problemen mei it foarstel. Der wurde lykwols allegearre easken, lykas in argeologysk ûndersyk, oan steld en dat giet eins fierstente fier foar de ûndernimmer en dêr hat de VVD problemen mei. De hear Seldenrust (FNP): Wol in oar lûd jaan. Ynhâldlik hat de FNP net in protte problemen mei it foarstel. It kolleezje moat goed nei de plannen sjen want it is de entree fan de Hoofdstraat Grou. Der moat goed en kritysk sjoen wurde nei de ynfolling op dat plak. Hy fynt de arguminten yn it stik oangeande de argeologyske easken wol op syn plak. Hy hopet dat de amateur- argeologen hjir har gerak krije. Wethâlder Minkes: Amateur-argeologen binne gjin 'amateurs', mar binne in Onderdiel fan in wurkgroep fan de Fryske Akademy. De dakpannen binne wol wêzentlik foar it ferhaal, want it moat passé yn de omjouwing fan dit momint. It kolleezje hat der wol betrouwen yn. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bouplan foar it fergrutsjen fan in feestâl op it perseel Jinswâlde 2 te Aldeboarn. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstelingsfersyk/bouplan foar it oprjochtsjen fan in boatehûs en oerkape reparaasjehaven op it perseel Midsbuorren 10 te Warten, kadastraal bekend WRG04 C 1807 en 1596 (gedeeltelik) De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.5 Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it frijstellingsfersyk/bouplan foar it pleatsen fan in molk- en feestâl op it perseel De Trije Hikken 1 te Wergea De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.6 Foarstel om in tariedingsbeslút artikel 21 WRO te nimmen foar it gebiet fan Ark en Reau en De Meerpaal te Aldeboarn. De hear Vellinga (PvdA): It plan hat lang op him wachtsje litten. hoe stiet it mei duorsum bouwen yn dit plan? Pagina 3 1 03ferslach ried 09-01 -2007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5