De hear Van der Sluis (VVD): Der siet net in kaartsje by. Dat hat er opfrege en kaam doe ta de konklúzje dat it te krap opsetten is. Men bout binnen de lûdsône fan de dyk en dan moat der Ontheffing foar komme. Wethâlder Minkes: De neamde eleminten moatte wol omtinken krije. De frijstellingsproseduere moat tuskentiids wol begjinne. It hat ek te meitsjen mei de werstrukturearring oan de oare kant fan it wetter. Twadde termyn Mefrou Dekker (PvdA): It antwurd oer it duorsum bouwen fynt sy wat te faach. Wat is dêr oer ôfpraat? Wethâlder Minkes: Der is noch neat oer ôfpraat. Men moat oangeande it duorsum bouwen wol oan in tal easken foldwaan. Men moat altyd Ondersyk nei de lûdskontoeren ynstelle. Sy wol bést ynformaasje oer de fierdere ynfolling fan it duorsum bouwen jaan Mefrou Dekker (PvdA): Sy wol graach hawwe dat der no ris echt omtinken jûn wurdt oan it duorsum bouwen. Wethâlder Minkes: Op dit momint kin sy allinne sizze dat de ried dêroer ynformearre wurdt. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om in tariedingsbeslút artikel 21 WRO te nimmen foar it gebiet Súdwâl te Warten De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje Brede School dy't leit tusken Boarnsterdyk, Nije Boarnsterdyk en De Stringen te Akkrum. De hear Vellinga (PvdA): De PvdA hat op himsels neat tsjin it tariedingsbeslút, mar men hat muoite mei de útlis. Der wurdt praat oer it bouryp meitsjen en opheegjen. By de ynformaasje oer de brede skoaile hat men in breed plan en in smel plan sjoen. Wat wurdt it en wat is folgjend jier: 2007 of 2008? De hear Hemminga (GB): Wêr wurdt it ophege en wat is de oerflakte fan de brede skoaile: de brede of smelle fariant? De hear Seldenrust (FNP): Hat deselde fragen. Men hat as ried noch gjin beslút nommen oer it krekte plak fan de skoaile. Wurdt men straks net foar it blok setten troch it kolleezje? By it delegearen oan it kolleezje hat de FNP dan ek kanttekeningen. Wethâlder Minkes: It giet om in tariedingsbeslút foar de brede skoaile en net oer skoallebou. De bou soe yn 2008 los moatte om de skoaile yn 2009 iepenje te kinnen. In frijstellingsproseduere hâldt yn dat men de romtelike kwaliteiten omskriuwe moat en dan moat de provinsje har oardiel der oer jaan. It nimt sa'n 10 moannen yn beslach. De hear Hemminga (GB): Dan pas wurdt der ophege as de ried oer de lokaasje fan de skoaile beslút? Wethâlder Minkes: Wêr't krekt boud wurde sil, sil yn de ried behannele wurde. Pagina 4 1 03ferslach ried 09-01-2007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6