Twadde termyn De hear Veliinga (PvdA): De proseduere is dúdlik, mar men sit dermei wêr't it sân dellein wurde sil. De hear Hemminga (GB): Der wurdt dus pas ophege as de wethâlder fan ûnderwiis mei it plan komt wêr't de skoalle komt? De hear Seldenrust (FNP): It is him ek net folslein dúdlik. De FNP hat gjin problemen mei it beslút op himsels. Wannear wurdt der ophege, wannear wurdt der boud en op wat plak? Wethâlder Minkes: Der wurdt yn de ried behannele wêr't de skoalle boud wurdt. Men kin pas bouwe as de grûn ferhege is en dat docht men pas as men wit wêr't de skoalle komt. De prosedueres foar de frijstelling fan it bestimmingsplan moat men op tiid opstarte. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.9 Foarstel om in tariedingsbeslút te nimmen foar de lokaasje Brede School dy't leit tusken de Tjallinga en Burstumerdyk te Grou De hear Seldenrust (FNP): Der moat ek noch in sporthal ferpleatst wurde. Fan de tydlike (twa jier) sporthal soenen de lokaasje en de kosten noch ûndersocht wurde. Dat hâldt in risiko yn dat men faaks net sporte kin omdat it te djoer wurdt of omdat de lokaasje net te finen is. Hy giet derfan út dat it op deselde wize as by it foarige agindapunt behannele wurdt. Wethâlder Minkes: Dit giet oer it tariedingsbeslút. Foar de oare saken jout sy wethâlder Van der Meulen it wurd. Wethâlder Van der Meulen: Men sil sa gau mooglik mei foarstellen nei de ried komme. Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Hij heeft een suggestie gehoord. Zou er niet een ondernemer zijn die een hal tijdelijk kan inrichten als een sporthal om zo geld te kunnen besparen? De foarsitter: Het wordt als suggestie meegenomen. As A-stik nei de ried. 3.10 Foarstel oangeande de "Uitwerkingsovereenkomst bestuurscommissie openbaar onderwijs 2006" De hear Bouma (VVD): Yn it ferline moast der in protte jild fan de gemeente bylein wurde en no is it hooplik dúdlik wa foar wat stiet. Kin it kolleezje útslute dan men net mei finansjele tsjinfallers fan de BOBOP te meitsjen krijt? De hear Zijlstra (CDA): It ferhaal fynt syn oarsprong yn 1999. Dit stik jout in stik dúdlikheid nei de bestjoeren ta. It is goed dit alle jierren aktualisearre wurdt. Op 15 jannewaris is der noch in oerlis mei it OOGO. It CDA wol graach in ferslach fan dat oerlis foar de folgjende riedsgearkomste hawwe. Wêr is de ferdieling 3 ton 1 ton op baseard? Mefrou Veldstra (FNP): It is dochs noch in hiel kompleks ferhaal en de tarieding hat in protte tiid koste. Der leit no in heldere ferdieling fan de taken en foech tusken gemeente en BOBOB. In eardere evaluaasje lei net by de stikken. Hoe sit it mei de risiko's? Sy wol ek graach it ferslach Pagina 5 1 03ferslach ried 09-01 -2007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7