fan de gearkomste fan 15 jannewaris hawwe. Foar de kommunikaasje soe men oer de ferslaggen fan de BOBOB beskikke moatte. Wêrom krijt men dy net mear? Wethâlder Van der Meulen: Is bliid mei de positive lûden. Men wol tsjinfallers safolle mooglik útskeakelje. It giet derom dat it ûnderwiis op in heger nivo komt en dêrfoar moat de reserve ynset wurde. It punt fan it wjerstânsfermogen bliuwt noch eefkes stean, dat freget wat mear stúdzje. It kolleezje giet derfan út dat it wjerstânsfermogen foldwaande is. Uteinlik is de gemeente wol ferantwurdlik foar it ûnderwiis. De ferdieling fan it jild hinget gear mei de wetlike bepalingen. It ferslach fan de gearkomste yn jannewaris sil sa gau mooglik nei de ried komme en hy seit ta dat de ferslaggen fan de BOBOP der komme sille. Twadde termyn De hear De Boer (PvdA): It is goed dat der no in stik mear dúdlikheid kommen is. Yn it fuortset ûnderwiis binne skoallen dy't in wjerstânsfermogen hawwe fariearjend fan 10% oant 50%. It wjerstânsfermogen leit hjir op 18%. It jild moat sa goed mooglik ynset wurde foar it ûnderwiis. It moat der net om gean om sa'n grut mooglike pot te meitsjen. De hear Bouma (VVD): It giet de VVD derom de risiko's te beheinen, ek mei it each op saken út it ferline. Der moatte gjin nuvere tsjinfallers komme. De hear De Boer (PvdA): Dy risiko's moatte yndied foarkommen wurde, mar elke euro dy't net ynset wurdt foar it ûnderwiis en allinne mar op rinte leit, wurdt ek net goed bestege. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.11 Foarstel ta it fêststellen fan de ynkomsten en útjeften iepenbier ûnderwiis (artikel 144 WPO) De hear Hemminga (GB): GB is akkoart mei it foarstel, mar wol it oare jier de begruttingssifers der graach by hawwe. De hear Bouma (VVD): De VVD is it iens mei it foarstel. By de jierrekken fan de gemeente soe men eigentlik ek dit soart saken fêststelle kinne moatte. Men wol graach útslute dat men achternei mei bepaalde saken konfrontearre wurde. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP freget him óf oft der noch in aparte ófdieling foar it ûnderwiis is. Of binne der noch fakatueres op dat mêd? Wethâlder Van der Meulen: Der wurde easken steld oan de mominten fan ynlevering fan sifers. It punt fan de begruttingssifers sil dan ek meinommen wurde. Hy leaut net dat der noch echt fan in ófdieling praat wurde kin. Der binne gjin fakatueres. Mefrou Veldstra (FNP): Is alle personiel foar it ûnderwiis ûnderbrocht by BOBOB? Wethâlder Van der Meulen: Nee, der binne ek minsken dy't op 'e hichte fan it ûnderwiis wêze moatte. De hear Bouma (VVD): Hy hie in fraach oer it let fêststellen fan de begrutting. Men soe dat syngronisearje moatte. Wethâlder Van der Meulen: De winsk is dat mei 1 april de rekken oan de gemeente foarlein wurdt. Pagina 6 1 03ferslach ried 09-01-2007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8