De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.12 Foarstel oangeande it Húsfestingsprogramma Onderwijs 2007 Mefrou Esser (PvdA): It stik is op himsels wol dúdlik. Yn Jirnsum wurdt der praat tusken de skoallen oer gearwurking. Wat hâldt de semy-permaninte útwreiding fan de Radboudskoalle yn relaasje dêrmei yn? Der is noch in hiel bedrach foar it ûnderhâld nedich. Hoe ferhâldt him dat ta de mearjierrerûzings? De hear Bouma (VVD): In pear lyn moast men 5 ton beskikber stelle foar foarsjennings oangeande de brânfeilichheid. Der wie wat fan oer, mar wêr is dat bleaun? Men is fierder akkoart mei it stik. Mefrou Veldstra (FNP): Wat is de stân fan saken oangeande de reserves? Wethâlder Van der Meulen: As men in petear begjint oer gearwurking dan duorret it noch in hiel skoft foardat soks realisearre wurdt en der moat tuskentiids wol in goede húsfesting oan it ûnderwiis jûn wurde. Oangeande de ynvestearings: Yn Jirnsum is it fan minder lange doer as yn Tersoal. It giet by it ûnderhâld om de bûtenkant en dat is foar de gemeente. Der is jild oerbleaun by de foarsjennings foar de brânfeilichheid. Hy nimt oan dat it opgien is yn it rekkenresultaat. De reserve is oan de ein fan it jier nul. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.13 "Accommodatiebeleid in ontwikkeling'' Wethâlder De Vries: De ynformaasje soe neffens de ynsprekker net op tiid beskikber west hawwe. Hy is dêr ek frij let achter kaam en dêr ek net tige bliid mei. It is in yntinsyf, kompleks trajekt dat mei de sport trochnommen is. len stap is dus net goed gien. As de ried alle ûnderlizzende stikken derby hawwe wol dan hat hy dêr gjin beswier tsjin. Dan is der ek noch romte foar it oerlis fan de gemeente mei de SAR om ek dy léste stap goed sette te kinnen. De hear Van der Meer (GB): GB wil het even afwachten en gaat daarom akkoord met het voorstel van de wethouder. De hear De Boer (PvdA): is it dêrmei iens. It is ek yn belang fan de frijwilligers fan de SAR. De foarsitter: Stelt vast dat de raad met het voorstel van de wethouder instemt. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2, 4.5 oantemei 4.7 Der binne gjin ynsprekkers. 4.2 Foarstel om in kar te meitsjen út twa plannen oangeande de ferkeap fan it Riedhûs en it terrein by de Hellingshaven Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat har de foarige kear noch net foar in plan útsprutsen. Plan A komt hiel goed temjitte oan de winsken fan de PvdA. Der hat wol diskusje west oer it plak fan it museum. It soe op it nije plak in upgrading krije kinne. It museumbestjoer hat lykwols oanjûn dat men yn it Riedhûs sitten bliuwe wol en dat moat men respektearje. Der sille noch wol fragen steld wurde as de útwurking fan plan A foar leit. Pagina 7 1 03ferslach ried 09-01-2007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9