0 4.13 Gelegenheid foar riedsleden om fragen te stellen De hear De Visser (PvdA): Binne der oer de nije brêge yn Wergea saken bekend? Leit dy der foar 1 maaie yn? Der moat btw betelle wurde foar it OSG-gebou. Hoefolle is dat nei ferrekkening mei it kompinsaasjefûns? De foarsitter: Wijst er voor de duidelijkheid op dat het stellen van vragen voor dit agendapunt via de griffier verloopt. Wethâlder Van der Meulen: Men is oangeande de brêge yn Wergea yn de faze fan de ôfrûning. It komt ynkoarten nei de ried. Oer de oare saak (btw-ferhaal) is men yn diskusje mei de beles- tingtsjinst. It kolleezje fynt dat saken dy't ûnder de rjochter lizze as risiko yn de boeken opnom- men wurde moatte. Hy tinkt lykwols dat it risiko minimaal is. De hear Seldenrust (FNP): Oer de fertutearzing yn Grou by de Abbemapleats binne earder fragen steld. Men soe nei de simmer ynformearre wurde, mar men hat noch neat heard. Nei de stoarm sjocht it gebou der hiel min út. Wethâlder Minkes: Men is sûnt augustus yn petear mei de ûntwikkeler. It wurdt bewenne yn it ramt fan in soart fan anty-kraak opfetting. Yn de omjouwing rinne mear projekten en as men dy oan elkoar knoopje kin dan hat dat in mearwearde. Sy tinkt dêrby û.o. oan it opknappen fan it Wilhelminapark en de oanpak fan parkearplakken. Krusjaal dêrby is de Ontwikkeling fan Abbema- state. Kommende freed is der oerlis mei de oanbelangjende partijen. Alle portefúljehâlders binne by de saak belutsen en binnen in moanne sil de ried ynformearre wurde hoe't men romtlik tsjin de saak oan sjocht. 4.14 Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 21.45 uur. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 20 febrewaris 2007 de griffier, de foarsitter, - isei P. Schadd-de Boer Op de publike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 6 minsken. Taheakke: de tekst fan de ynsprekkers (2 kear) Pagina 8 1 03 ferslach ried 23 jan 2007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10