Pagina 2 De foarsitter: Stelt vast dat de meerderheid van de raad het punt op de agenda wil houden. 1.3 Fdststellen fan de ferslaggen fan de riedsgearkomsten fan 12 en 19 desimber 2006 It fers/ach fan 12 desimber De hear De Visser (PvdA): Op side 2 is it antwurd fan de wethâlder op syn fraach net oanjûn. It antwurd wie neffens him: 'Ik verwacht geen claims'. Wethâlder Minkes: Dat klopt. Mefrou Veldstra (FNP): Op side 3 moat stean: 'dat de saken dy't troch de gemeente ynbrocht binne (dit ek nei oanlieding fan de kanttekening fan de hear De Jong) ek oernommen wurde sille'. De hear Riemersma (FNP): Op side stiet 10 stiet by it antwurd fan wethâlder Minkes dat it bes- timmingsplan gjin juridyske status hat. Dat moat neffens lykwols slaan op de fisy. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de foarstelde wizigingen goedkard en fêststeld. It fers/ach fan 19 desimber De foarsitter: Op side 9 moat noch stean dat it in A-stik wurdt It ferslach wurdt mei dy wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Punt 4 Mefrou Veldstra (FNP): De FNP fynt it skriuwen fan de gemeente Haarlemmermeer oangeande de wize fan ôfhanneljen fan moasjes in dúdlik ferhaal en kin dermei akkoart gean. De foarsitter: Licht de strekking van de genoemde motie toe. Over alle moties die niet binnen komen van de eigen raad en waar niets mee gedaan wordt, wordt verder niet bericht. Men be richt alleen andere gemeenten als een motie wel behandeld is. De hear De Boer (PvdA): Sa kin it ek foar Boarnsterhim ek ynfierd wurde. De foarsitter: Stelt fêst dat ek de oare fraksjes dêrmei ynstimme. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Der hat in gearkomste west oer it Wetterfront. De sfear wie poerbêst. De meiwurkers hawwe alle ynformaasje krigen. It is spitich dat der mar in pear riedsleden wienen, mar de reden wie dat de measte fraksjes fraksjegearkomste hiene. Men sil dêr yn dat takomst mear rekken mei hâlde. It wurk oangeande de Klassike Skippehaven is frijkaam út de skorsende wurking fan de rjochter. Men is mei it wurk út ein set. As der riedsleden noch fragen hawwe oer de finansiering dan kin men dêroer ynformeard wurde. It bliuwt in budzjetêr neutrale aksje fan de gemeente. Der binne in tal platanen al kapt foardat der in kapfergunning wie. Hy is dêr net sa wiis mei, om dat de gemeente dat soarchfêldich oppakt hie. De projektlieder hat dêr kontakt oer hên mei de di- reksje fan Interra. Dy hat kontakt hên mei de oannimmer en dy wer mei de útfierder. It boadskip is dúdlik: Der mei net in beam kapt wurde foardat de kapfergunning der is. In tal beammen lizze om en hy kin dêr neat mear oan feroarje. Hy wit net wa't ferantwurdlik west hat foar it kappen fan de beammen. Dat sil de oare deis útsocht wurde en de ried wurdt dêroer ynformearre. 1 03 ferslach ried 23 jan 2007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4