Pagina 4 De hear Seldenrust (FNP): Slút him dêrby oan. Hy is ek nijsgjirrich nei de oare lûden fan de om- wenners. Wethâlder Minkes: Neffens mefrou Siegersma soe der oerienstimming wêze oer de grienstroken en it bedriuweterrein. De wethâlder hat in telefoantsje krigen dat de oerienstimming allinne gie oer de grienstrook. Men sil sjen oft men de betingst oangeande de grienstrook opnimme kin. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanskaf fan paternosterkasten By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Van der Woude (PvdA): Wêrom is it net meinommen yn it kredyt fan de nijbou/ferbou fan it gemeentehûs? Hoe grut is de post ûnfersjoen? De hear Bouma (VVD): Men kin it meinimme yn de mearjierrerûzing en it heart net yn de post ûn- fersjoen. Wêrom is de oanskaf net meinommen yn de kosten fan it nije gemeentehûs? Mefrou Veldstra (FNP): Hat deselde fraach. Wêrom net meinommen yn de totale ynrjochtingskos- ten fan it nije gemeentekantoar? De hear Koffeman: De ynvestearring is in saneamde ferfangingsynvestearring en is yn de begrut- ting 2007 opnommen. De lésten binne opnommen Onder it produkt Onfersjoen. Der stiet sa'n 45/50 tûzen euro foar dy post Onfersjoen. Twadde termyn De hear Van der Woude (PvdA): Wêrom is it net meinommen yn it kredyt foar it nije gemeente- hûs? Mefrou Schadd-de Boer (portefúljehâlder): Vraagt de gemeentesecretaris of deze het kan toelich ten. De hear Koffeman: It is in reguliere ferfanging en dat heart net yn it kredyt foar it gemeentehûs. De hear Van der Woude (PvdA): It antwurd wie dúdlik. It is dus as in aparte post Onfersjoen rûze. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstel oangeande it insidlnteel betsjinjen fan de brêge oer de Oude Zandsloot te Ter- herne Mefrou Dekker (PvdA): De fraksje fan de PvdA hat de brief fan de ynsprekker noch net goed bes- jen kinnen en freget dêrom om in koarte Onderbrekking. De foarsitter: Schorst de vergadering De foarsitter: Heropent de vergadering. De hear Riemersma (FNP): Hy hie him taret op it tastjoerde stik en moat no tuskentroch noch in brief léze en dan derop reagearje. In beweechbere brêge is bedoeld om brûke te kinnen. De brêge soe neffens it kolleezje allinne mar by in kalamiteit beweegd wurde kinne. Dat liket him nuver, want dan hie men dêr earder better oer neitinke moatten. De kosten foar it iepenjen fan de brêge 1 03 ferslach ried 23 jan 20O7/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6