Pagina 6 Wethâlder Van der Meulen: Men hat it der wiidweidich mei PB oer hân. It gie net allinne om de sinten. Alle stikken foar it kolleezje lizze ek foar de riedsleden op besjen. De hear Hemminga (GB): Yn hoefier giet de ferantwurdlikheid fan de gemeente by ynset fan frij wiliigers? By de brânwacht binne ek frijwiliigers warber. Wat soe dêryn in belemmering wâze kin- ne? It kolleezje kin ek net in kalamiteit betinke; dan kin men de brêge ek wol fêstlaskje. De ge meente jout dochs ek gjin ynformaasje oer stremmingen as bygelyks de brêge by Hearesyl lang iepen stiet? Twadde termyn De hear Riemersma (FNP): Der moat dochs praat wurde mei PB. It liket him ek wichtich om it rapport oer de brêge te hawwen. De hear Bouma (WD): As it kolleezje by syn stênpunt bliuwt, dan moat men de brêge mar ticht- laskje. De hear Gerbrandij (CDA): As de ried fynt dat der oerlis komme moat mei PB dan moat dat der komma. Wethâlder Van der Meulen: Oer stremming: As men de brêge mei de hên betsjinnet en as it dan langer duorret (in healoere/oere) dan hat men dêr op sa'n rûte problemen mei. Frijwiliigers wurk dwaan litte: oer it algemien kin dat wol, mar by dizze brêge hat dat problemen oangeande de fei- lichheid oplevere. It giet om it prinsipe dat it kolleezje it dêrom ûnferstannich fynt dat de brêge draait mei frijwiliigers. Mefrou Dekker (PvdA): Men hie earst de yndruk dat it om it jild gie. It giet no neffens de wethêl- der om de gefaarlike situaasje en it soe dêrom ûnferstannich wêze om de brêge iepen te hélden. Is dat no echt sa? Wethâlder Van der Meulen: It is in houtsje-toutsje-brêge en it is arbo-technysk net ferantwurde. De hear Gerbrandij (CDA): Is it dan ferstannich dat de brêge fêstlaske wurdt? Wethâlder Van der Meulen: Dan is der gjin diskusje oer oft de brêge al of net draaie kin. De foarsitter: Vraagt of men het met de conclusie van het college eens is dat men het onverstan dig vindt om op het verzoek van PB Terherne in te gaan. De hear Hemminga (GB): It oerlis mei PB moat wol plakfine. En de eleminten fan ûnfeilichheid en risiko's moatte dêryn in goed plak krije. Mefrou Dekker (PvdA): It kolleezje moat de aspekten oangeande de feilichheid goed yn it oerlis mei PB nei foaren bringe. Men kin dan mei in oanpast stik weromkomme. De hear Seldenrust (FNP): Wurde de eigen amtners dan ek bleatsteld oan de gefaren? Dan soe de wethâlder mei PB sykje moatte nei oare oplossingen foar de takomst. Dat moat de ynstek wêze. Wethâlder Van der Meulen: Der is nei dat léste sjoen, mar dat kostet in hiel protte jild. Alle saken dy't er neamd hat, binne al kommuniseard mei PB. It kolleezje wol dat noch wolris oan PB foarliz- 1 03 ferslach ried 23 jan 2007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8