BOARNSTERHIM gemeente -1.0-} ••51. Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 20 febrewaris 2007 om 20.00 oere yn OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: de hear J. Gerbrandij Griffier: de hear H.O.Hoekstra De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hearen J. Hemminga en S. van der Meer fan de VVD: de hearen S. Bouma en M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen A.J. de Vries en D. van der Meulen Fan de jongereinried: Sabina Rietveld, Keimpe de Jong en Bram de Groot Mei kundskip ôfwêzich: boargemaster P. Schadd-de Boer en griffier M. Frensel 1. ALGEMIEN 11 lepenje De foarsitter hyt elkenien wolkom. 1.2 Fêststellen fan de wurklist Mefrou Dekker (PvdA): Soe agindapunt 3.3 (oangeande foarstel brede skoallen yn Akkrum en Grou) fan de aginda helje wolle. Dat hat te krijen mei de notysje dêr't yn ferwiisd wurdt nei in gearkomste oer it Onderwerp. Der binne nochal wat fragen. De hear Hemminga (GB): Wol dat fersyk stypje. De hear Bouma (VVD): Wol it der wol oer hawwe yn dizze gearkomste. De hear Seldenrust (FNP): Sa tinkt hy der ek oer. It soe perfoarst net achter sletten doarren bepraat wurde moatte. De hear Zijlstra (CDA): Stimt yn mei it foarstel fan mefrou Dekker. Mefrou Dekker (PvdA): De fuortgong fan it proses moat fansels net frustrearre wurdt, mar dat hoecht neffens har net sa te wêzen. De foarsitter: Stelt fêst dat allinne de fraksjes fan de VVD en de FNP tsjin it foarstel fan mefrou Dekker binne. It punt wurdt dêrmei fan de aginda helle. De hear Hemminga (GB): Freget om by it punt yn it opiniearjende part oer de UMTS-mêsten goed romte foar diskusje beskikber te stellen. 1 03 ferslach 20feb2007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 11