De foarsitter: Wol dy romte dêrta wol beskikber stelle. De hear Hemminga (GB): heakket deroan ta dat der miskien in moasje op tafel komt. 1.3 Fêststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 23 jannewaris 2007 De foarsitter: It ferslach wurdt sûnder wiziging goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Punt 5 Mefrou Esser (PvdA): elke fraksje soe wol in eksimplaar fan it rapport "Fryske Fiersichten" hawwe wolle. De foarsitter: Seit dat ta. Der binne fierder gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: De foarsitter: It presidium hat besletten dat de riedsgearkomste fan 6 maart net troch giet. a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder De Vries: Men sjocht yn gearwurking mei de Keamer fan Keaphannel en de provinsje nei de taken fan de VVV's oangeande it toerisme yn Fryslân. Der hat in gearkomste west fan de portefúljehâlders fan de gemeenten en it liket nei in oare struktuer ta te gean. In tsjinstferlienend sintrum foar toerisme yn Fryslân dat de Fryske VVV's op in tal punten stypje sil. Men sit wat yn de knipe oangeande de VVV's yn Fryslân trochdat dy net foldogge oan alle kritearia dy't yn Nederlân oan de VVV's steld wurde. Men wol ta nei in soarte fan winkels, dêr't de gast alle ynformaasje oer it gebiet krije kin dêr't er tahâldt. Dizze wike sil hy in petear hawwe mei de fertsjintwurdigers fan it VVV-bestjoer. Men sil sjen hoe't it ta in útwurking komme sil foar VVV De Fryske Marren. Wethâlder Minkes: Vitens wol noch in tal wettertuorren op de merk bringe. De toer fan Akkrum is te keap foar 35.000. It is in markant punt yn it lânskip, mar it hat gjin mearwearde foar de gemeente. De gemeente hat der boppedat gjin jild foar. Tsjin in mooglike sloopfergunning sil wierskynlik net folie yn te bringen wêze. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Kwartaalrapportaazje bedriuweterrrein Frisia te Grou fotopresintaasje Wethâlder De Vries: Men kin letter reagearje op de presintaasje. It giet derom om mei de fotopresintaasje sjen te litten wat foar bedriuwen der achter sitte. De hear De Visser (PvdA): 'Wêrom ûntbrekke de rintelêsten by de kwartaalrapportaazje?' Wethâlder De Vries: Hy sil dêr letter op weromkomme. d. Utjefte projektmjittige boukavels Grut Palma De hear Hemminga (GB): Men hat in brief fan PB Wergea ûnder eagen hên, dy binne bang dat de ferdieling ekonomy/kwaliteit te'n koste gean sil fan de kwaliteit. De hear Van der Sluis (VVD): Hat deselde fraach. Mefrou Meinderts (CDA): Besykje de kwaliteit te garandearjen, ek foar de takomst. Pagina 2 1 03 ferslach 20feb2007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12