De hear Riemersma (FNP): Hat sawat deselde opmerkings. Men stribbet nei maksimale opbringst én hege kwaliteit. Hoe ferhâldt him dat ta inoar? Men mei op de boulokaasje net mear Frysk prate. Dat kin hy him net begripe. Wethâlder De Vries: Dat léste is nij foar him. PB hat soargen oer de kwaliteit. Men hat hyltyd mei inoar de diskusje fierd. Der moast in kwalitatyf goed plan komme. Der leit in byldkwaliteitsplan mei dêryn de ambysje fan dy kwaliteit. In kwaliteitsteam hâldt dér tafersjoch op. Dat moat garant stean foar de kwaliteit. De gemeente mei der ek wol wat oan fertsjinje. It útjeftebelied is op 13 septimber 2005 fêststeld. Neffens de ôfspraken sil it plan útfierd wurde en dat jildt ek foar de garânsje oangeande de kwaliteit. De hear Riemersma (FNP): Hy hat de easken lézen dy't steld wurde. Der wurdt praat oer 'organisatorische geschiktheid...moet de Nederlandse taal beheersen in woord en geschrift ...de voertaal is Nederlands'. Hy wol dér graach 'of Fries' oan tafoegje. Wethâlder De Vries: Hy wol dat wol mei it projektteam beprate. De hear Hemminga (GB): Hy hat noch gjin antwurd krigen op syn fraach oangeande de persintaazjes 'economisch' en 'kwaliteit'. Wethâlder De Vries: De gemeente héldt fêst oan dat wat fêstlein is. De kwaliteit is troch it byldkwaliteitsplan en it kwaliteitsteam boarge. Mefrou Meinderts (CDA): It is wol fêstlein yn it byldkwaliteitsplan, mar der sit wol romte foar in bouwer yn. It wurdt lykwols blykber nochris tsjekt en dan is de kwaliteit hooplik wol 60%. De hear Van der Sluis (VVD): Wat bart der no eins? Wat foar huzen komme der? Wurde de huzen lytser? It kwaliteitsteam soe it hifkje. Hat men der goed oan dien om PB dér net in plak yn te jaan? Hy leit dy fraach oan de oare fraksjes foar. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat it folste betrouwen dat der kwaliteit komt. De hear Riemersma (FNP): De wethâlder is it neffens syn antwurd eins wol iens mei de persintaazjes fan PB. Wêrom kin men dan de gunningskritearia dér net oan oanpasse? Dan stiet it op papier. Wethâlder De Vries: Der binne ôfspraken makke oer it útjeftebelied. De latte is heech lein. De ûntwikkeler moat syn kreativiteit wol kwyt kinne yn it plan. Der is in stedeboukundige ynrjochtingsskets en it plan moat fan de nedige ûnderbouwings foarsjoen wurde. Men krijt in goed sicht op wat der bart. Lit de minsken op de goede stoel sitten bliuwe. De ried woe doedestiids PB der ek net in sit yn jaan en dat beslút moat men no net weromdraaie. De kwaliteit is neffens him tige goed garandearre. It is transparant wêr't de latte leit. Mefrou Dekker (PvdA): It kolleezje sil it dochs kommunisearre hawwe mei PB? Wêrom dan dochs de ûnrêst fan PB? It kolleezje soe kontakt mei PB opnimme moatte. Wethâlder De Vries: Men hat in protte oerlis mei PB. Der is in beslút nommen oer de fertsjintwurdiging yn it kwaliteitsteam, mar it kolleezje wol bést in petear mei PB hawwe. Mefrou Meinderts (CDA): It CDA is akkoart mei it antwurd fan de wethâlder en wol it beslút net weromdraaie. Pagina 3 1 03 ferslach 20feb2007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13