De hear Seldenrust (FNP): Men hat as FNP der earder mei ynstimd dat PB in sit hawwe soe yn it kwaliteitsteam en dêr stiet men noch altyd achter. De hear Hemminga (GB): De ûnrêst moat by PB weinommen wurde en hy wol witte wat út it oerlis mei PB komt. Hy hâldt dus noch in slach om de earm. 2.2 Foarstel om it wizige belied pleatsing UMTS-antennes foar kundskip oan te nimmen Mefrou Esser (PvdA): It is dúdlik stik. De gemeente kin eins net oars as mei it foarstel ynstimme fanwegen de jurisprudinsje. De PvdA fynt har net hielendal seker oer it totale ûndersyk. Want der sitte dochs tekoartkommings yn it ûndersyk. De gemeente soe de ryksoerheid freegje moatte nei de langetermyneffekten. Dútske ûndersiken wize ek op dat faset. De hear Hemminga (GB): Op 16 jannewaris hat it kolleezje besletten om earst gjin meiwurking te ferlienen oan it pleatsen fan antennes. Men soe it der yn de ried noch oer hawwe. It is dan ek wat nuver dat it no foarleit om foar kundskip oan te nimmen. Yn Jirnsum hat foarljochting oer de antennes west en dat wie neffens him in goede gearkomste. It blykt dat der gjin wittenskiplik bewiis is foar de skea fan strieling foar de sûnens, mar it omkearde jildt lykwols ek, want der binne minsken dy't der wol lést fan hawwe. Men hat dy ûnderfining hân mei de plysjemêst yn Akkrum. De klachten binne ferdwûn no't de mêst fuort is. Unsekerheid hat ynfloed op de sûnens fan de minske. Men soe mei de minsken yn petear gean moatte. Dêr sil yn it ferfolch mear omtinken foar wêze moatte. De jurisprudinsje jout de gemeente gjin mooglikheden,mar men kin der wol yn it bestimmingsplan wat oan dwaan troch it sa te regeljen dat mooglike mêsten bûten de bebouwing komme. GB tsjinnet dêrta in moasje yn. Lést de moasje foar: "De raad van de gemeente Boarnsterhim, in vergadering bijeen op 20 februari 2007 Overwegende dat het gemeentelijk beleid ten aanzien van het plaatsen van umts-antennes/masten inhield dat er geen medewerking werd verleend voor het plaatsen van UMTS-antennes er op basis van uitspraken van de Raad van State (19 juli 2006) gezondheidsklachten geen grond vormen om bezwaren tegen plaatsing te honoreren een aantal inwoners aangeeft gezondheidsklachten te ondervinden door de aanwezigheid van GMS/UMTS masten en antennes er op basis van wetenschappelijk onderzoek niet wordt bewezen dat er een relatie bestaat tussen gezondheidsklachten en elektromagnetische straling, maar ook niet wordt bewezen dat er geen relatie bestaat er ter voorkoming van klachten een beleid gevoerd dient te worden dat antennes/masten buiten de woonbebouwing geplaatst worden spreekt uit dat zij van oordeel is dat het beleid ten aanzien van nog te plaatsen en bestaande zend masten/antennes erop gericht dient te zijn dat plaatsing daar waar mogelijk buiten de woonbebouwing geschiedt en draagt het College op dit beleid te implementeren in de bestemmingsplannen en daarvoor met voorstellen naar de raad komt En gaat over tot de orde van de dag." De hear Van der Sluis (VVD): Hoe grut wol GB de ôfstân hawwe tusken de huzen yn it bûtengebiet? De hear Hemminga (GB): Men moat mei de minsken yn petear gean. De iene hat der lést fan en de oare net. Hy nimt oan dat 400 m wol in behoarlike ôfstân is. De hear Zijlstra (CDA): Giet it puer om wenbebouwing? Pagina 4 1 03 ferslach 20feb2007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 14