De hear Hemminga (GB): Foar yndustryterreinen sûnder wenhuzeri is der neffens him gjin behindering foar it pleatsen fan mêsten. Mefrou Esser (PvdA): Sy hat op de ynformaasjejûn west en dêr heard dat hoe fierder de mêsten fuort binne hoe sterker de strieling wêze moat. De hear Hemminga (GB): It giet derom dat de grutte dyk en it spoar mei de strieling berikt wurde kinne. De hear Riemersma (FNP): It kolleezje moast it beslút nimme op grûn fan it Switserske rapport en op grûn fan de útspraken fan de Ried fan Steat. De ynfloed fan 45 minuten strieling is neffens it rapport net skealik. Hoe kin soks de basis wêze? As men der de hiele dei oan bleatsteld wurdt dan leit it neffens him wol oars. It rapport is boppedat fan folwoeksenen útgien. Is de wethêlder bekend mei it 'voorzorgsbeginsel' en is dêr rekken mei hélden? Mefrou Meinderts (CDA): Slút har oan by de wurden fan mefrou Esser. It ûndersyk op dit mêd moat wol goed folge wurde. Kompliminten foar de ynrinjûn. Heldere kommunikaasje is tige belangryk. Wethêlder Minkes: It wie in bysûndere jûn yn Jirnsum. It ferhaal fan de GGD oer de ynfloed fan ûnsekerheid op de sûnens wie tige dúdlik. In bestjoerder moat ôfgean op rjochtlinen dy't fan de ryksoerheid komme. De WHO is ek mei it ûndersyk anneks. Men docht al 50 jier bliuwend ûndersyk nei de ynfloed fan televyzje en radio. Oare ynfalshoeken wurde dus permanint ûndersocht. Men hat earst 'pas op de plaats' makke oangeande de pleatsing fan UMTS-mêsten. De Ried fan Steat hat derop wiisd om jin by de planology te hélden. Men sil altyd spesifike klachten hélde. Elkenien hat dêryn syn eigen gefoelichheden. UMTS hat in legere strieling as GSM. Dat hat û.o. bliken dien út in fjildmjitting by Spikerboor. Sy kin der gjin oardiel oer útsprekke oft der in oarsaaklik ferbên is tusken de mêsten en de sûnens. Men kin it net fia it bestimmingsplan regelje. Oangeande de opmerking oer yndustryterrein: dêr wenje en wurkje ek minsken. De moasje is neffens har net wurkber. Mefrou Dekker (PvdA): De wethêlder giet wol hiel koart troch de bocht. Wethêlder Minkes: De Ried fan Steat hat bepaalde útspraken dien. Wittenskiplik is fêststeld dat der gjin relaasje is tusken de mêsten en sûnens. As de moasje útfierd wurdt dan sille de providers net-boufergunningsplichtige plakken opsykje en der sille dan mear antennes komme moatte. Men komt dus lang net altyd oan in bestimmingsplan ta. Sy wiist derop dat yn bepaalde tsjerken in mêst sit. Dêr hoecht men gjin boufergunning foar te hawwen. Mefrou Esser (PvdA): Wol graach in koarte ûnderbrekking om de moasje te bepraten. Der moat troch de ryksoerheid mear ûndersyk dien wurde. De hear Hemminga (GB): De ekonomyske belangen spylje yn dizze saak de boppetoan. Der binne minsken dy't problemen mei de mêsten hawwe. Men moat in belied meitsje om dy boargers yn 'e mjitte te kommen en dêr kin men planologysk wat oan dwaan. De opdrachtjouwer bepaalt faak de útkomst fan it ûndersyk. Wiist nochris op de lést dy't guon minsken fan de plysjemêst yn Akkrum hienen. De hear Riemersma (FNP): Hy kin fier yn de wurden fan de foarige sprekkers meigean. It is allegearre baseard op it Switserske ûndersyk en de basis dêrfan is foar him net in goede basis. Men moat rekken hélde mei de minsken dy't der lést fan hawwe. Pagina 5 1 03 ferslach 20feb2007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 15