Wethâlder Minkes: Sy fynt it spitich dizze lûden te hearen. Der wurdt gauris oer praat dat it jild de trochslach jout, mar it is neffens har hiel ynteger ûndersocht. Men moat fansels rekken hâlde mei de boarger dy't lést fan mêsten hat. Dêrfoar hat der ek in ynformaasjejûn west. Sy kin net in oarsaaklik ferbân fêststelle tusken de sûnens en de UMTS-mêsten. Bepaalde minsken hawwe lykwols oare gefoelichheden. De GGD hat op dy jûn útlein hoe't minsken sa tinke kinne. De hear Hemminga (GB): GB wol krekt dy ûnrêst weinimme. Ekonomyske belangen spylje fansels in grutte rol, mar dat hoecht net te'n koste fan elk belang te gean. Der soe gjin relaasje wêze tusken de mêsten en de sûnens, mar dat is no krekt net bewiisd. Wat kin men der oan dwaan om de ûnrêst by guon minsken wei te nimmen? Wethâlder Minkes: Werhellet nochris de útspraak: 'Wetenschappelijk is aangetoond is dat er geen relatie is tussen UMTS-masten en gezondheidsklachten'. De hear Seldenrust (FNP): De wethâlder bagatellisearret it probleem. Der binne minsken dy't al sa'n 4/5 jier wrakselje mei it probleem. Dêr kin men net samar oer hinne stappe. De wethâlder soe de oare kant fan de medalje besjen moatte. Wat kin men foar de ynwenners dwaan om it probleem op te lossen? Mefrou Esser (PvdA): De ynformaasje wie wol goed yn Jirnsum, mar bepaalde ûndersiken waarden net neamd. De ryksoerheid soe der mear ûndersyk nei dwaan moatte. De hear Riemersma (FNP): Kin dat ûnderskriuwe. De basis fan it Switserske ûndersyk is foar him te smel. Wethâlder Minkes: De technyk krijt in oar plak yn de mienskip. Wiist der nochris op dat ek de strieling fan televyzje en radio permanint ûndersocht wurde. Men moat fêsthâlde oan dat wat bewiisd is. De hear Riemersma (FNP): Hy hat noch gjin antwurd krige op syn fraach oangeande it 'voorzorgsbeginsel' (opmerking mefrou Bakker op grûn fan artikel 174 Europeesk ferdrach). De gemeenten kin dêrop weromfalle neffens him. Wethâlder Minkes: It is net foldwaande oannimlik dat der risiko's binne. It ('voorzorgsbeginsel') jildt allinne by grutte risiko's. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Mefrou Esser (PvdA): De hear Hemminga sil de saak taljochtsje. De hear Hemminga (GB): Men hat oer in lytse tekstwiziging praat. Achter 'spreekt uit' komt no: 'dat hij van oordeel is dat het beleid ten aanzien van nog te plaatsen en bestaande zendmasten/antennes erop gericht dient te zijn dat plaatsing, daar waar mogelijk, buiten de woonbebouwing geschiedt'. Wethâlder Minkes: It kolleezje wol graach in ûnderbrekking foar oerlis. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Pagina 6 1 03 ferslach 20feb2007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 16