Wethâlder Minkes: Is der wol in opsje om mêsten bûten de beboude kom te bringen? Wat yn de moasje stiet hat grutte konsekwinsjes. Besteande stjoermêsten binne net ferpleatsber. Dat soe in protte jild kostje (wiist op it foarbyld yn Amsterdam). Providers sille benammen plakken sykje binnen de beboude kom. It kolleezje stelt fêst dat it yn de ynfiering net te realisearen is en sy ûntriedt dêrom de moasje. Mefrou Dekker (PvdA): It antwurd bringt har oan it twifeljen. As in moasje net út te fieren is dan hat it gjin sin om oer de moasje te praten. Sy freget dêrom om in ûnderbrekking. De hear Hemminga (GB): Der stiet: 'daar waar mogelijk is'. Men sil bygelyks de stjoermêst fan Jirnsum net ferpleatse. Men moat de problemen safolle mooglik foarkomme. De wethâlder soe ynformeare moatte by it Antenneburo. De opfettings ferskille noch al wat. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Mefrou Dekker (PvdA): Men komt der net ienriedich út. De foarsitter: Bringt de moasje yn stimming. De moasje wurdt mei 11 stimmen foar en 6 stimmen tsjin oannommen. Tsjinstimd hawwe de leden De Boer, Gerbrandij, De Jong, Meinderts- Goinga, Vellinga en De Visser Wethâlder Minkes: It kolleezje fersiket om in ûnderbrekking. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. Wethâlder Minkes: It kolleezje hat har beret op de moasje. Sy wol op in oar momint derop weromkomme. De hear Hemminga (GB): It kolleezje wurdt achte om mei in foarstel nei de ried te kommen. Wethâlder Minkes: De moasje is sa net út te fieren. It kolleezje wol earst sjen oft men der noch wat mei kin. 3. MIENINGSFOARMJEND 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer wurklistpunt 3.3 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om yn ferbân mei it realisearjen fan sportfjilden in tariedingsbeslút te nimmen foar in part fan Meinga 2 te Grou De hear Vellinga (PvdA): Wêr bliuwt it ferfangende bosk? De hear Seldenrust (FNP): De FNP is akkoart mei it foarstel. Wethâlder De Vries: Wat men kapt, moat men kompensearje, mar dat hoecht lykwols net yn de eigen gemeente. Der binne bestjoerlike kontakten mei Menaldumadeel. Sa kin men oan de eask ynfolling jaan. Pagina 7 1 03 ferslach 20feb2007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 17