De foarsitter: As A-stik nei de ried. Stelt foar om fanwegen praktyske redenen der fuortdaliks in beslút oer te nimmen. Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. 3.3 Foarstel oangeande de fuortgong fan de ûntwikkeling fan Brede Skoallen yn Grou en Akkrum Dit punt is fan de aginda ôffierd. 4. BESLUTFOARMJEND 4.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 4.2 en 4.3 De hear Van der Meulen sprekt yn op agindapunt 4.2 (sjoch bylage). 4.2 "Accommodatiebeleid in ontwikkeling" De hear De Boer (PvdA): De PvdA is bliid dat it sa oplost is. It sportklimaat moat sa optimaal mooglik wêze. Men kin wolris wat ferskillend tinke oer it paad om dat doel te berikken, mar hy is bliid dat men ta oerienstimming kaam is. De hear Hemminga (GB): Hy slút him by dy wurden oan. Men moat net te folie yn details gean. Kompliminten foar de wethâlder en de SAR dat men inoar fûn hat. De hear Seldenrust (FNP): De FNP is bliid dat men no sa fier kommen is. 14 dagen lyn wie de FNP de iennichste partij dy't der in B-stik fan meitsje woe. Hy sprekt ek de kompliminten út rjochting SAR en wethâlder dat men derút kommen is. De hear Bouma (VVD): De VVD is ek bliid mei de oerienstimming. Men hat de latte heech lein en dy wol men ek heech hâlde. Hoe hat men it oplost? De hear Zijlstra (CDA): Lést op rym foar hoe't it CDA mei ynstimming oer de oplossing tinkt. Yn 2009 praat men opnij fia de evaluaasje oer it belied. Wethâlder De Vries: Der is yn in konstruktive sfear in oplossing ta stân kommen. It is in earste stap. De ried sil yn de takomst in grutte rol spylje. As tsjinprestaasje foar it taryf moat der in bepaalde kwaliteit tsjinoer stean. Der moat in nulmjitting komme en men sil sjen moatte hoe't de noarmen der hinne lizze. De diene tasizzings binne troch him mei de SAR besprutsen. De sport moat yn Boarnsterhim op in goede wize foar in sa'n breed mooglik publyk plakfine kinne. De SAR kin neffens him ek nei de ferienings sizze dat der in goed plan leit. De hear Seldenrust (FNP): De ôfspraken steane op skrift. Komt dat ek nei de ried ta? Wethâlder De Vries: Dat liket him fanselssprekkend. De foarsitter: Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. 4.3 Foarstel om de verordening Wet Inburgering Boarnsterhim 2007 fêst te stellen De hear De Jong (PvdA): Wat is de geschatte omvang van de groep? De PvdA vindt 270 als eigen bijdrage behoorlijk veel geld. Het college kan volgens hem de bijdrage vaststellen. Hij pleit in dezen voor een inkomensafhankelijke bijdrage. De hear Bouma (VVD): Dy bydrage is foar De VVD ek in punt. Hy fynt de 270 lykwols billik. De gemeente jout de gelegenheid om it yn 12 terminen te beteljen, mar de minsken kinne it ek liene en dan soe men de gemeente net mei dy rompslomp opskypje moatte. Pagina 8 1 03 ferslaoh 20feb2007/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 18