Mefrou Esser (PvdA): Wiist derop dat de minsken dy't it oangiet meastentiids lege ynkommens hawwe, Boppedat soe de gemeente gjin kar hawwe. De hear Bouma (VVD): Hoe sit it dan mei de boetes? Der moat net te folie administrative rompslomp út fuortkomme. Mefrou Veldstra (FNP): It Fryskeigene heart neffens de FNP ta de ynboargering. Is it kolleezje ree om dêr omtinken oan te jaan? It kolleezje wol fanwegen de tiid óf fan de ynspraak. Is der dochs noch in mooglikheid om winsken nei foaren te bringen? De eigen bydrage is oan de hege kant. It is in goede saak dat de ried op 'e hichte hâlden wurde sil fan de fuortgong. Wethâlder Minkes: It rûze oantal is sa'n 35. De wet skriuwt de eigen bydrage fan 270 foar. Men hat hast gjin beliedsfrijheid. Op side 9 (artikel 5) steane de regels oer de betelling yn terminen. It tal terminen mei men wol fêststelle. 12 terminen liket it kolleezje ridlik. Foar it Frysk sil der net safolle frijheid sitte yn dit ynboargeringsprogramma. De hear De Boer (PvdA): Der stiet dat de eigen bydrage fakultatyf is en dat it kolleezje it foech hat om it bedrach te wizigjen. Wethâlder Minkes: Dat freget om in fierder antwurd en dan moat it miskien oanpast wurde. As it moogiik is, komt sy yn april mei in wizigingsfoarstel. Twadde termyn De hear De Jong (PvdA): 270 is een behoorlijk bedrag voor iemand die van een uitkering moet rondkomen. Daarom pleit hij voor een tegemoetkoming. De hear Bouma (VVD): Doch dan maksimaal 2 terminen. De betelling kin men regelje mei de ING- groep. Mefrou Veldstra (FNP): Der soe neffens de wethâlder in fêst programma wêze foar de ynboargering. Mar men hat dochs in unike situaasje yn Fryslân as twatalige provinsje. De gemeente kin in kar meitsje út de oanbieders. It Friesland College hat bygelyks foar taallessen yn it ferline soarge. De taal en de kultuer binne tige wichtich foar de gemeente Boarnsterhim. Wethâlder Minkes: It is MT2-kursus. It kolleezje sil seker syn bést dwaan om it Frysk in plak der yn te jaan. It is foar de bedoelde groep gaadlik om it yn 12 parten te beteljen. De hear Bouma (VVD): Doch dat dan fia de ING-groep. Wethâlder Minkes: It kin frij maklik fia de eigen organisaasje. De bysûndere bystân jout gjin mooglikheid foar ferlichting fan de finansjele kosten. As de gemeente it betelje moat dan sil it sa'n 12.000 kostje. Mefrou Esser (PvdA): Men soe it jild miskien út de reyntegraasjetrajekten helje kinne. Wethâlder Minkes: Wat docht men dan mei deselden dy't net yn in útkearing sitte? De foarsitter: Bringt it foarstel in stimming. De hear Bouma (VVD): Jout oan dat er op it punt fan de terminen tsjin is. De foarsitter: Der wurdt konfoarm it foarstel besletten. Pagina 9 1 03 ferslach 20feb2007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 19