Pagina 2 De hear Hemminga (GB): Nimt oan dat de wurden op side 4 fan wethâlder Minkes 'sil oan de ried trochjdn wurde' ek ferstien wurde kinne as 'sil troch de ried behannele wurde' lykas fierder op side 5 stiet. Wethâlder Minkes: Stimt dêryn ta. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wizigings goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Der binne gjin fragen of opmerkingen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meldielings: a: Mûnlinge meldielings troch portefúljehâlders Der binne gjin meidielings. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielings. c. Oanwizing keapsneinen Gjin f ragen of opmerkingen. d. Wiziging fergunningenbelied stânplakken Mefrou Esser (PvdA): It is in goed idee om in enkête te hâlden. Wêr binne de trije opsjes op ba- searre? It soe wat nuver wêze as straks fergunnings yn Boarnsterhim oer board smiten wurde en by oare gemeenten net. By de fierdere behanneling fan dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. De hear Van der Sluis (VVD): Men moat goed sunich wêze op de winkellju yn de lytse doarpen. Troch in protte fergunnings foar kreamen moatte dy net yn de knipe komme. De hear Zijlstra (CDA): Is bliid mei de enkête. Dan wit men ek nei 10 jier wat der feroare is yn de doarpen. It liket him is in moaie staazje-opdracht. De hear Van der Sluis (VVD): Moat men net sunich wêze op de winkellju yn de lytse doarpen? De hear Zijlstra (CDA): Men moat seker sunich wêze, mar der moat ek frijheid foar ûndernimmers wêze. De hear Hemminga (GB): It is wat lestich om der in opsje út te heljen. GB hechtet oan de leefber- heid yn de lytse doarpen. De enkête moat soarchfâldich opsteld wurde. GB jout de foarkar deroan om oer alle trije opsjes in enkête te hélden. Mefrou Veldstra (FNP): Sy hat it hiel oars begrepen. Der wurdt neffens har in enkête taret en as de útslach der is kin men der noch wat fan fine. De foarsitter: Men houdt een enquête en dan wordt later bekeken wat er nog gaat gebeuren. Er wordt breed aangegeven wat de mogelijkheden zouden kunnen zijn. Het belang van een enquête zonder sturing van de gemeente is evident. De suggestie van een stagiaire zal meegenomen wor den. Er zal overleg met DB-en en winkeliersverenigingen plaatsvinden. Voor bepaalde onderne- 1 03 ferslach 6 febrewaris 2007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4