Pagina 4 saken is. Wat moat der dan barre om mooglike achterstannen yn te heljen? En moat men it ferbi- ne oan de noarmen dy't de sportbûnen foarskriuwe? Der binne yn it ferline fanút it kolleezje wol foarstellen foar ûnderhâld dien. Mei it beskikbere jild hat de organisaasje in goede ûnderhâldstastân fan de fjilden berikke kinnen. Men giet fansels út fan in mjitting op in bepaald momint. Men wol op dit momint net daliks it ûnderhâldsrezjym fan de sportbdnen derop loslitte. It wurdt evaluearre yn 2009. Dan hat men ek beskikking oer nije akkommodaasjes yn it ramt fan de brede skoalle. By nije akkommodaasjes moat men sjen hoe't de tariven dan wêze kinne. De hear Hemminga (GB): Dan soe de ferhâlding priis-kwaliteit in rol spylje. Dat moat wol fan te- foaren bekend wêze omdat dat konsekwinsjes hawwe kin foar de ferienings. De tariven moatte net sa mar twa kear sa heech wurde. Wethâlder De Vries: Men tinkt net oan ferskillen fan twa kear safolle. It kolleezje en de SAR hawwe inoar op in tal punten fûn. Der komt fansels in nulmjitting. It belied is derop rjochte om de akkommodaasjes op peil te hélden. Mocht it dêr net oan foldwaan dan soe in oanpassing fan it taryf mooglik wêze. SAR en kolleezje hawwe ferskillende ferantwurdlikheden. Der sil neffens him in frekwint oerlis bliuwe. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): It komt by de maaitiidsnota wer oan de oarder. Hy giet derfan út dat men ta in goed akkoart komt oangeande de neamde punten. De hear Bouma (VVD): De SAR ferskilt fan miening oer it ûnderhâld mei it kolleezje. Sy wolle dat goed op inoar ôfstimme om foar te kommen dat de ûnderhâldstastân fan de akkommodaasjes achter út giet. Kin er wat helderheid krije oer de 'huurgewenning'? Wethêlder De Vries: It wurdt noch net tapast. It behearsplan jout de dúdlikheid dy't de ried fre- get. It ferskil sit benammen yn it lyts ûnderhâld. Der is oerlis oer it ûnderhâld mei de SAR. Mar de einferantwurdlikheid leit foar it ûnderhâld by de gemeente. Miskien jout de maaitiidsnota der in oar sicht op. De hear Seldenrust (FNP): De ried hat der yn it ferline by elk ad hoe beslút meastentiids jild Onder sette moatten, mar de SAR wol krekt in struktureel belied foar de takomst. Stel dat it net foar el- koar is dan hat men neat om op werom te fallen en dêrom moat it punt neffens de FNP yn de stikken opnommen wurde. Wethêlder De Vries: len fan de mooglikheden is it koartsjen fan de tariven as de akkommodaasje net oan de easken foldocht. Mar men moat der jin 100% foar ynsette dat it safier net komt. Men is in mearjierrich behearsplan oan it opsetten. Dêrop plant men jierliks de aksjes foar it ûnderhâld en dat is gjin ad hoe belied mear. Der hinget fansels wol in priiskaartsje oan. Tredde termyn De hear Seldenrust (FNP): Hy mist yn de beäntwurding dat de wethêlder de punten mei de SAR nochris trochnimt. Wethêlder De Vries: It is in helder stik. Dat de SAR op in bepaald oantal punten wat in oar oardiel hat, dat is bekend. Yn it foarjier hat men it oer it regulier Onderhêld en oer de nulmjitting en de noarmen fan Onderhêld. De ynstek it itselde: goede akkommodaasjes dêr't it hiele jier oan sport dien wurde kin. 1 03 ferslach 6 febrewaris 2007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6