Pagina 7 De hear Hemminga (GB): De rânebetingsten binne troch de gemeente steld. Dat minsken beswier meitsje kinne docht neat oan dy rânebetingsten ôf. De mooglike korrespondinsje tusken gemeen te en yndividuele ynwenners kin letter wol oan de oarder komme. Mefrou Esser (PvdA): Sy wol gjin ferwachtings wekke by de minsken, want de provinsje sil it toetse moatte. De hear Hemminga (GB): Men moat de ferfolchstap sette en net op mooglike oare ynsichten wachtsje (lykas yn it ramt fan it streekplan). Dan komt it noait klear. Wethâlder Minkes: Op 21 septimber 2004 waard yn prinsipe meiwurking ferliend oan it fersyk. Yn septimber 2006 hat men de notysje fan de inisjatyfnimmers krige en yn maart hat men dêroer in petear. It punt op de foarige riedsgearkomste wie fan in oare oarder en hie neat mei it bedri- uweterrein te meitsjen. It die by de léste besite bliken dat PB ek noch wat yn te bringen hie. De moasje hâldt neffens har in oprop yn om de saak flugger oan te pakken. De tiid bringt ek feroa- rings mei lykas de lânskiplike herwurdearring. It foldwaan oan de rânebetingsten komt yn maart oan de oarder. Der is stagnaasje fan septimber 2006 oant maart 2007. Der binne neffens it kol- leezje mooglik wol 'beletselen'. Sy fynt it in nuvere konstruksje dat men earst starte moat mei de realisaasje fan it bedriuweterrein en dan it inisjatyf nimme moat ta it oanfreegjen fan in frijstel- lingsproseduere. De hear Van der Woude (PvdA): Riedt de wethâlder de moasje 'ten sterkste' óf? Wethâlder Minkes: Zij ontraadt de motie. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is fan miening dat it tempo by dizze saak te leech leit. Der leit in prinsipebeslút dat it bedriuweterrein der komme soe. Is dêrnei in offisjeel plan ynstjinne? De hear Seldenrust (FNP): Hoe tinkt de wethâldêr hoe't sy de ûnrêst by de Ondernimmers wei- nimme kin? Hy hat de wethâlder dêr net oer heard. De earste behanneling soe yn desimber plak- fine, doe yn jannewaris en no is it wer ferskood nei maart. De hear Hemminga (GB): Men kin nei de letter léze en nei de yntinsje. Men krijt de yndruk dat it kolleezje net safolle nocht hat om it op te starten. Men moat it eigen inisjatyf fan de Ondernim mers wurdearje. Men moat de saak net opskowe om earst oare lûden óf te wachtsjen. Wethâlder Minkes: Op 18 septimber 2006 is de romtlike Onderbouwing binnenkommen. Yn desimber hat der oerlis west mei de hear Galama. Sitearret út in brief fan de gemeente: heb ben wij meer tijd nodig dan voorzien. Wij hebben het in een breder perspectief geplaatst en be oordelen o.a. de voorstudies ten aanzien van de behoefte aan een bedrijventerrein. De gemeente lijke beleidsregels en de mogelijke consequenties van het ontwerp streekplan, dat deze maand door de Provinciale Staten wordt behandeld, vormen daarbij een belangrijk toetsingskader'. Der is in ófspraak makke foar 5 maart. Dat is de earste béste mooglikheid om in goed petear te hawwen. De gemeente hat in eigen ferantwurdlikheid. De Ondernimmers fan doedestiids binne ek net mear allegearre deselden as dy fan no. De lânskiplike kwaliteiten krije yn de diskusje dêrneist ek omtinken. Mefrou Dekker (PvdA): Doedestiids hat in part fan de ried sein om ek nei in oare lokaasje te sjen yn Reduzum. Is dat ek dien? Wethâlder Minkes: Wit dat sa net. De yntinsje is dat it inisjatyf by de Ondernimmers leit. En fan dy kant is der gjin oar plak foarlein. 1 03 ferslach 6 febrewaris 2007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 9