Pagina 7 Mefrou Veldstra (FNP): De wethâlder seit dat der miskien mooglikheden binne. Der soe in lyts ûndersyk komme om de grûn te ferkrijen. De wethâlder soe foar april nei de minsken mei ynfor- maasje weromkomme. Dêrom wol sy der in B-stik fan meitsje. Wethâlder De Vries: Dat liket him net ferstannich. It rint fia in oar trajekt, nammentlik fan de sport. Mefrou Veldstra (FNP): Men hat noch twa wike. De wethâlder hat bepaalde tasizzings dien. Friens hat ferlet fan in fjildsje en de minsken sille bést meiwurkje wolle. Wethâlder De Vries: Hy komt de tasizzing nei Friens nei. Sy sille útnoege wurde om mei foarstel- len te kommen. It rint fia de twadde ronde yn dit potsje. Mefrou Esser (PvdA): It giet dochs allinne om tadieling fan budzjetten? Mefrou Veldstra (FNP): Dat is net sa. Op side 4 stiet: 'initiatiefnemers zien af van realisatie van speelveld'. De foarsitter: As B-stik nei de ried. 3.7 Foarstel om it GRP (Gemeentelijk Rioleringsplan) 2007-2011 fêst te stellen. Mefrou Veldstra (FNP): Oer de reaksje fan wenarkbewenners yn Terherne. It kolleezje neamt as argumint dat beperkt gebruik een grotere kans geeft op vervuiling en verstopping van de afvoer- leidingen; dus meer reinigirigskosten voor de rioolbeheerder' en 'het rioolrecht voor permanente bewoners zou dan omhoog moeten'. Dat achtet it kolleezje net-winske. Binne alle rekreative wenarken oansletten op it rioel? Wethâlder Van der Meulen: Men sit noch yn in stikje útfiering. Net alles is oansletten, mar der komt ynkoarten noch in foarstel dêroer nei de ried ta. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.8 Foarstel om in boarnekuolynstallaasje oan te lizzen yn it gemeentehûs en audio-visuele foarsjennings oan te bringen yn de riedsseal. (wurdt neistjoerd) By dit punt nimt de hear Gerbrandij it foarsitterskip oer. Bram de Groot (jongereinried): De jongereinried is bliid mei de boarnekuolynstallaasje yn it ge- meentehûs, want dat is goed foar it miljeu. It bringt ek minder kosten mei him mei. De lûdynstal- laasje moat ek oanpakt wurde. Dat sil fêst ek in bydrage leverje oan it mear effisjint fergaderjen fan de ried. Mefrou Esser (PvdA): De PvdA is ek ynnommen mei de boarnekuolynstallaasje. Hat der oerlis west mei Wetterskip Fryslân? Refereart oan de 'case' Jorrtisma yn Almere. Binne der meardere offertes oanfrege foar de audio-fisuele apparatuer? De hear Van der Meer (GB): Had ook de vraag over de vergunning. GB denkt eerst aan een perio de van 10 jaar in plaats van 40 jaar. Hoeveel resteert nog van de post onvoorzien? Is het ook toe te passen bij de brede school? Het is wat vreemd dat er niet meteen een offerte aangevraagd is voor de audio-visuele apparatuur. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 10