Pagina 12 Mefrou Veldstra (FNP): Sy soe de brief fan PB as riedsfoarstei behannelje wolle krektsa as okker- deis de brief fan PB Terherne. Mefrou Dekker (PvdA): De fraach is hokker opdracht de VVD oan it kolleezje jaan wol. De PvdA kin net sa mar meigean mei it foarstel om it te keapjen. Wethâlder Minkes: Wiist derop dat de wettertoer miskien dan al ferkocht is. De foarsitter: Men wacht het voorstel van de VVD af voor de volgende raadsvergadering. Via het presidium kan het op de agenda gezet worden. Mefrou Dekker (PvdA): Har fraach is hoe't men tefoaren komme kin dat der in sloopfergunning ôfjûn wurde kin. De foarsitter: Dat wordt in het voorbereidingsbesluit over 2 weken geregeld. Dan kan op dat ge bied niets meer. De hear Van der Sluis (VVD): Men kin in riedsfoarstei ynbringe, mar it tariedingsbeslút jout ek al dúdlikheid. Dan as A-stik fuortdaliks trochskowe nei it beslútfoarmjende part. De hear Van der Woude (PvdA): Fynt it wat nuver dat de toer miskien de oare deis al ferkocht wurde kin en dat der mei twa wike pas in tariedingsbeslút komt. Dan kin men better de oare deis by elkoar komme om in tariedingsbeslút te nimmen. De foarsitter: Stelt vast dat na de vergadering het presidium zich over deze zaak gaat beraden, zodat in deze zaak zo snel mogelijk gehandeld kan worden. Mefrou Veldstra (FNP): Maaie 2006 waard der Roundup brûkt yn Grou foar ûnkrûdbestriding. Der kamen neitiids in protte deade fûgeltsjes foar. Soe it net tiid wurde om in freonliker middel te brdken? It is neffens in brosjuere fan de Fryske Miljeufederaasje tige gefaarlik foar minske en dier. Wethâlder Van der Meulen: De mieningen oer it middel rinne útien. It wurdt brûkt omdat it goed- keap is. Duorsum ûnderhâld kostet in protte jild. Hy is der net fan oertsjûge dat der fûgels oan deagien binne. Mefrou Veldstra (FNP): Sy wiist op it rapport dat dôr dúdlik oer is. Wethâlder Van der Meulen: Men tinkt der ferskillend oer. It middel is tastien yn Nederlân. Hy wol de oanpak noch wolris op it aljemint bringe. Mefrou Veldstra (FNP): Der hat in stúdzjemiddei yn maart west. Alle gemeenten binne dêrfan op 'e hichte. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 15