BOARNSTERHIM gemeente -% c>1 5\ Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 20 maart 2007 om 20.00 oere yn OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou P.M. Esser, de hearen T. de Boer, B. de Jong, J.W. de Visser, R. van der Woude en H. Vellinga fan GB2000: de hear S. van der Meer fan de VVD: de hear M. van der Sluis fan it CDA: mefrou A. Meinderts-Goinga, de hearen J.S. Zijlstra en J. Gerbrandij (fise-foarsitter) fan de FNP: mefrou L. Veldstra-Lantinga, de hearen S.J. Riemersma en A. Seldenrust De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: de wethâlders mefrou M.E. Minkes en de hearen A.J. de Vries en D. Van der Meulen Fan de jongereinried: Sabina Rietveld, Bram de Groot en Keimpe de Jong Mei kundskip ôfwêzich: de hearen J. Hemminga (GB2000) en S. Bouma (VVD) 1. ALGEMIEN 1.1 lepenje De hear Gerbrandij iepent de gearkomste en hyt de oanwêzigen en de harkers fan de Boarnster- stim wolkom. Hy sit foar salang't mefrou Schadd-de Boer der noch net is. 1.2 Fdststellen fan de wurklist De hear Van der Meer (GB): Wil agendapunt 3.9 terugtrekken. Het orgaan heeft niet vergaderd in de laatste jaren. Mefrou Dekker (PvdA): Wol earst graach de reaksje fan it kolleezje hearre. Mefrou Veldstra (FNP): Tinkt der ek sa oer. De hear Van der Sluis (VVD): Slút him dêr by oan. Wethâlder De Vries: It feit wie him net bekend. Miskien wit portefúljehâlder mefrou Schadd der mear fan en hy soe har reaksje eefkes ôfwachtsje wolle. Dan kin de ried dan de oerwaging meits- je om it noch fan de aginda óf te heljen. De hear Van der Meer (GB): Het moet feitelijk van de agenda af. De foarsitter: It giet no om it foarstel fan de hear De Vries. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA nimt it foarstel fan wethâlder De Vries oer. Miskien kin it op grûn fan de ynformaasje fan de portefúljehâlder oer twa wike behannele wurde. De foarsitter: It bliuwt ynearsten op de wurklist stean. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 4