Pagina 2 1.3 FSststellen fan it ferslach fan de riedsgearkomste fan 6 febrewaris en 20 febrewaris 2007. It ferslach fan 6 febrewaris 2007 De foarsitter: It ferslach wurdt sdnder wiziging goedkard en fêststeld. It ferslach fan 20 febrewaris 2007 De hear De Visser (PvdA): Op side 2 moat it wêze: 'Wêrom ûntbrekke de rintelêsten by de kwar- taalrapportaazje?' Mefrou Esser (PvdA): Op side 4 moat it wêze: 'De gemeente kin eins net oars as mei it foarstei ynstimme fanwegen de jurisprudinsje. De PvdA fynt har net hielendal seker oer it totale ûnder- syk'. De foarsitter: It ferslach wurdt mei de wizigings goedkard en fêststeld. 1.4 Ynkommen stikken Nûmer 11 De hear Riemersma (FNP): Men wol graach witte wat de wethâlder der mei docht (skriuwen 'Ne derlandse Kampeerauto Club'). De hear Zijlstra (CDA): It moat yndied wol weromkomme nei de ried. NQmer 12 De hear Van der Meer (GB): Wat gebeurt er nu werkelijk (klacht mevrouw Kuijl Raerd)? Wethâlder Van der Meulen: As der klachten binnen komme dan wurde dy sa gau mooglik oplost. Hy sil nei de oanbelangjende saak sjen. De foarsitter: Fierder gjin op- of oanmerkingen. 2. YNFORMEARJEND 2.1 Meidielings: a: Mûnlinge meidielings troch portefúljehâlders Wethâlder Minkes: It bestimmingsplan Wergea-kom is op 6 febrewaris goedkard troch Deputearre Steaten op twa dnderdielen nei. Men fynt it net passend om in totaalgebiet fan 11 hektare bedri- uwichheid yn Wergea op te nimmen. It moat passend 'naar aard en schaal van Wergea' wêze. Der wurdt ek noch wat opmurken oer de bouflakken by it Frico-terrein. Sy is bliid mei de ynstim- ming mei it bestimmingsplan. Der is wol in berop ynstjinne tsjin it goedkarringsbeslút. b. Mienskiplike Regelingen Der binne gjin meidielingen. c. Nammejouwing gemeentlike wetters De hear Zijlstra (CDA): It CDA is bliid dat de wetternammen no yn it Frysk op de kaart komme. It inisjatyf fan de CDA-steatefraksje is no werklikheid wurden. Mefrou Veldstra (FNP): De FNP hat al 25 jier wakker har bést dien om dy nammen op de kaart te krijen. Benammen troch it FNP-lid de hear Postma. Ek de kompliminten foar de geakundekommis- je fan de gemeente. Mefrou Dekker (PvdA): Slút har oan by de foarige sprekkers. Hulde foar alle partijen dy't der oan meiwurke hawwe. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 5