Pagina 3 d. Stân fan saken ûntflechting Openbare Verlichting De hear Vellinga (PvdA): Hy kin net hielendal út it stik komme. Is it kontrakt echt mei 1 jannewa- ris opsein? Der moat in Europeeske oanbesteging komme. Duorsume ferljochting soe deryn wol meinommen wurde moatte. Wethâlder Van der Meulen: Neffens him stiet yn it stik dat it kontrakt opsein is. De gemeenteried giet oer it type ferljochting, mar dêrby sil seker sjoen wurde nei it enerzjyferbrûk fan lampen. De hear Vellinga (PvdA): De Europeeske oanbesteging wurdt dien troch it kollektyf OV Fryslân en dêr sit Boarnsterhim net yn. Wethâlder Van der Meulen: It giet hjir benammen oer it ûnderhâld fan de ferljochting en net om de oanskaf. 3. MIENINGSFOARMJEND Mefrou Schadd-de Boer is yntusken oankommen en nimt it foarsitterskip fan de hear Gerbrandij oer. 3.1 Gelegenheid foar boargers om yn te sprekken oer de wurklistpunten 3.2 en 3.6 oante- mei 3.9 Der binne gjin ynsprekkers. 3.2 Foarstel om in kredyt beskikber te stellen foar ynvestearingen oangeande de herstuktu- rearingsprojekten 2007 De hear Van der Sluis (VVD): Yn 2006 soenen de Marren opknapt wurde. Dat is net trochgien omdat der gjin foldwaande dekking wie. Wat kin der noch brûkt wurde fan it jild fan 2006? Hoe sit it mei it opnij befluorjen fan de iepenbrutsen Marren: wa hat dat betelle? De hear Vellinga (PvdA): De PvdA-fraksje is oertsjûge fan de needsaak fan de werstrukturearring. De wenningboukorporaasje is ferantwurdlik foar de wenningen en de gemeente is allinne ferant- wurdlik foar de ynfrastruktuer. Mar by de wenningstichting is it duorsum bouwen wolris wat ûn- derbeljochte. Dêrom wol de PvdA in betingst taheakje oan de goedkarring fan it kredyt. It kollee- zje soe yn it oerlis mei DFFG in paragraaf taheakje moatte mei konkrete maatregels foar duorsum bouwen, dy't fierder geane as de noarm fan 0,8. Mefrou Meinderts (CDA): De werstrukturearring moat trochgean. It wurdt ek posityf troch de bewenners oanfield en it ferheget de leefberheid fan it doarp. Wethâlder Minkes: It binne prima projekten foar de leefberheid fan de doarpen. It giet no om it griis en it grien. Der wie yn 2006 gjin dekking foar it griis en it grien. Dat jildt foar Wergea en ek foar Warten. Sy wit net krekt hoe't it sit mei de ferrekkening fan de needbestrjitting, mar sil dat útsykje. De rest wurdt by de foarjiersnota folslein foarlein. It kolleezje soe mei DFFG prate moatte oer it bouwen fan wenningen en dan omtinken freegje foar duorsum bouwen. It is de ried net hielendal dúdlik hoe't DFFG mei duorsum bouwen en enerzjysunich bouwen omgiet. Sy wol dêrom graach de útnoeging fan de DFFG oerbringe om de ried dêroer yn in wurkbesite te ynformearen. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): Yn 2006 wie der gjin foldwaande dekking. Of wie der hielendal gjin jild? Hy wol graach witte hoe't dat no krekt sit. De VVD is it wol iens mei de kredytoanfraach. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6