Pagina 4 De hear Vellinga (PvdA): It is bést ynteressant om mei DFFG te praten oer duorsumheid, mar hy wol dat dan wol konkreter dwaan. Der wurdt al lang genôch oer praat. De hear Zijlstra (CDA): De hear Vellinga wol fierder gean as bygelyks 0,8. Men soe foar elke wenning in waarmtepomp ynpasse kinne, dan komt men al op 0,6 epc. De hear Van der Meer (GB): GB gaat akkoord met het voorstel. Wethâlder Minkes: De hear Van der Sluis krijt antwurd op syn fraach. Sy tinkt net oan brainsto- armjen mei DFFG. It giet om in petear dêr't DFFG yn befrege wurde kin. Sy wit net oft in waarm tepomp in opsje is. It giet ek benammen om de besteande bou. Mefrou Dekker (PvdA): It giet har fraksje derom dat der út de ûnderhannelings mei de wenning- boukorporaasje mear helle wurdt as wat men no krijt. Men sil stadichoan ta moatte nei in skjinner miljeu. J Wethâlder Minkes: Sy kin har de gedachte wol foarstelle, mar men is no dwaande mei de útfie- ring fan in konvenant. It tema sil weromkomme yn de ried as it konvenant op dit punt iepenbrut- sen wurde moat. It giet der ynearsten om dat DFFG útleit wat men de kommende jierren fan plan is. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.3 Foarstel om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19, lid 1 foar it ferpleatsen fan de spinnekopmûne "Haensmolen" nei De Burd en it nimmen fan in tariedingsbeslút artikel 21 WRO foar it gebiet dêr't de mûne boud wurde sil. Mefrou Dekker (PvdA): It docht har mûnershert goed dat it skansearre mdntsje wer in goed plak krijt. Sy wol de ried noch wolris mear by in ekskurzje oer mûnen fertelle. Hat de feroarsaker fan de skea it betelle? Hoe sit it mei de terminen? De prosedueres soenen neffens har wol folge wur de kinne. De mûne wurdt wol 'bemand', mar hy wurdt net bewenne. De PvdA kin dermei yns- timme dat it frijstellingsfoech delegeard wurdt oan it kolleezje. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is tige ynnommen mei dit plan. Soks soe foar noch folie mear mûnen plakfine moatte, sadat der mear mûnen op de Burd komme. De hear Riemersma (FNP): De FNP-fraksje giet akkoart mei it foarstel. De bou-oanfraach is op 7 desimber binnenkommen. Hie dat net earder kinnen sadat der ynspraak mooglik west hie? De hear Gerbrandij (CDA): Is it mei it léste iens. Der binne al in protte mûnen weiwurden. Men nat letter pas yn 'e rekken krige dat mûnen wichtich binne foar it lênskip. De kompliminten oan de minsken dy't har foar de mûnen ynsette. Wethêlder Minkes: De bou-oanfraach wie yn desimber. Dat komt omdat men by tal fan organis- aasjes lêns moast. Der leit in brief fan de omwenners dat men der gjin beswier tsjin hat. Oars hie de proseduere in hiel protte tiid koste (al gau sa'n 10 wike). It kolleezje fûn it yn dit gefal ferant- wurde dat men it op dizze wize oanpakt hat. Wethêlder De Vries: Is bliid mei de positivo lûden. It is fansels in grutte fertsjinste fan molestich- ting De Lege Midden. De mûne by Warniahuzen sil ek by de kop nommen wurde. Sa komt der in stikje kultuererfskip yn de gemeente werom. Men wol ek de funksje fan it meallen wer foar it Ijocht bringe. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7