Pagina 5 Twadde termyn De hear Van der Meer (GB): Goede wijn behoeft geen krans. GB kan meegaan met het voorstel. De hear Van der Sluis (VVD): Besykje sa folie mooglik mûnen út Fryslân nei de gemeente te brin- gen. Hoe stiet it kolleezje dêr foar oer? Wethâlder De Vries: Is dêr wat weromhâldend oer, want it kostet in protte jild. Men hat de han- nen al fol oan de mûnen yn Boarnsterhim. De foarsitter: As A-stik nei de ried. 3.4 Foarstei om mei te wurkjen oan it frijstellingsfersyk artikel 19 lid 1 WRO foar it op- rjochtsjen fan in multyfunksjoneel sintrum mei groepswenten op it perseel Oostergoost- raat/Gruttostraat te Grou en it nimmen fan in tariedingsbeslút artikel 21 WRO foar it oanbelangi- ende gebiet De hear De Boer (PvdA): Grou hat grut ferlet fan it multy-funksjoneel sintrum. De PvdA is dan ek foar it plan. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD tinkt der ek sa oer. De Tureluurstraat is tige wichtich foar it fytsferkear. Bliuwt dy tidens de bou iepen? Bliuwt der wol in rom paad oer yn de Tureluurstraat en wurdt der winterdeis struid? De hear Riemersma (FNP): Men is it wol iens mei it foarstei. Binne de problemen mei de autobok- sen oplost? Wat sil der mei it âlde gebou barre? Wethâlder Minkes: It is ferfanging foar Nij Friesmahiem. It wurdt heech tiid dat it oanpakt wurdt. Sy hat sa net paraat oft der struid wurdt yn de Tureluurstraat. De autoboksenkwestje is noch net alhiel oplost. It âlde gebou is fan Woonzorg Nederland. Men hat noch gjin fragen krigen fan dy kant. Twadde termyn De hear Van der Sluis (VVD): Bliuwt de Tureluurstraat iepen? Wethâlder Minkes: Neffens har bliuwt de Tureluurstraat iepen. De foarsitter: De heer Van der Sluis krijgt nog een schriftelijk antwoord van de wethouder op die vraag. Wethâlder Minkes: Het zou een mooi gebaar zijn van de raad om het stuk als A-stuk te verschui ven naar het besluitvormende deel van deze vergadering. De hear Gerbrandij (CDA): Is it dêrmei net iens, want de aginda is al fêststeld. Mefrou Dekker (PvdA): Men moat wolris wat fleksibel wêze en foar de PvdA-fraksje kin it wol nei it beslútfoarmjende part. De hear Van der Meer (GB): Formeel heeft de heer Gerbrandij gelijk, maar in dit geval is hij ervoor om het naar het besluitvormende deel over te brengen. 1 03 ferslach ried 20032007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8