komt der in foarstel nei de ried ta. It kolleezje fynt it net ferstannich om no mei de ferfanging fan de brêge oan de gong te gean. De Steande Mêst-rûte sil foar it seizoen 2009 klear wêze en dan moat men ek mei de brêge yn Wergea te set. It giet om in foarnommen beslút fan it kolleezje en der sil noch in diskusje oer komme. In fêste brêge op 1,5 m is fansels goedkeaper as in be- weechbere brêge. Men giet mei in diskusje/ynformaasjejûn nei PB as de ried dêrmei ynstimme kin. De tasizzing is dat de Wergeasterfeart befarber bliuwt. As de Steande Mêst-rûte der is, dan stiet de wettersporter foar de fraach hokker rûte er kiest. It tal iepeningen is mei twa ferromme. It betsjinjen fan de brêge foar de kommende twa jier is neffens saakkundigen ferantwurde. It sil mei it each op it ferkear gjin problemen feroarsaakje. De ynstek fan it kolleezje om te sjen hoe't men safolle mooglik toeristen it doarp yn krije kinne. De hear Hemminga (GB): Wat is de finale datum foar de Steande Mêst-rûte yn ferbân mei it bin- nenheljen fan de subsydzjes? Wat foar konkrete stappen binne der dien nei de oannommen moas- jes oer de UMTS-mêsten en it bedriuweterrein yn Reduzum? Wethâlder De Vries: Der binne gjin fatale terminen yn it projekt fan de Steande Mêst-rûte. It jild foar de Tútsebrêge is al ôfrekkene. Men hat koartlyn de 15® rapportaazje fan de wurkgroep krige. Yn maaie komt er yn de ried derop werom. It klear kommen fan it akwadukt yn de Wâldwei hat ek gefolgen foar de Steande Mêst-rûte. Dat sil dan ek oan de oarder komme. Wethâlder Minkes: Sitearret oangeande de fragen oer de UMTS-mêsten út de memo dy't de ried ynkoarten krijt. Over het bedrijventerrein in Reduzum: Men heeft op 5 maart met de mensen om de tafel gezeten. De ruimtelijke onderbouwing is ten opzichte van het nieuwe streekplan volgens het adviesbureau mager. Op 29 maart is de aanvulling op de ruimtelijke onderbouwing binnengekomen. Dat zal men eerst intern moeten bestuderen. Het college komt op de kortst mogelijke termijn terug naar de raad met een vervolg van het plan van aanpak.. De hear Seldenrust (FNP): De FNP hat grutte soarch oer it âlde kafee yn Warten. Der is sprake fan ferloedering en it giet deselde kant út as mei bygelyks de Halbertsmafilla. Der soenen earst 4 apparteminten ferkocht wurde moatte foardat men mei de bou start. Wannear wurdt der mei de bou út ein set? As him wer in saak foar docht, wêrby't sprake is fan ferkeap nei in oare partij (of partisipearende partij), moat men by it ôfjaan fan it fergunning de eask fan yn goede steat bliuwen stelle. Wethâlder Minkes: Der is in boufergunning ôfjûn foar de bou fan 6 apparteminten en dy moatte foar 1 jannewaris 2008 klear wêze. Sy kin it betingst fan de ferkeap fan 4 apparteminten net. Men moat benammen der enerzjy ynstekke hoe't it foar de takomst better wurde kin. Dat jildt ek foar Warten. De hear Riemersma (FNP): Der is earder frege nei de brêge yn Terherne. De riedsleden mochten it technysk rapport ynsjen, mar nettsjinsteande besykjen fan syn kant is it noch net boppe wetter. It soe net mear net te finen wêze. Is dat net mear te achterheljen? Hat it buro der net mear in kopy fan? Hat it in oare reden? Wethâlder Van der Meulen: It spyt him tige dat it rapport net werom te finen is. Men hat mei de opsteller fan it rapport belle oft men it rapport noch hat. As it der is, sil de hear Riemersma it 4.9 Slute De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 22.50 uur. Pagina 10 1 03 Ferslach nedsgearkomste 03042007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 12