Bylage: Ynsprektekst bij agendapunt 3.4: de hear Van der Ven: "Ik haw gjin fiif minuten wurk, boargemaster, As trouwe harkers fan de Lokale Omrop sil it de rie net ûntgien wêze dat der in nije stjûrder is. Programmamakkers, allegear frijwilligers, kinne sa noch better programma's de loft yn stjûre De ûntfangst is better wurden en sa komme jimme as Rie om de 14 dagen by alle ynwennners fan de gemeente noch dúdliker yn hûs. En dat moat jim goed dwaan, want in bettere kommunikaasje mei de boarger kinne jo je dochs net foarstelle. Wa kin eltse 14 dagen contact mei alle boargers ha? Derom is it wichtich dat de Rie jûn in posityf beslút nimt. Yn de ôfrûne tiid hat it bistjûr yn gearwurking mei it PBO saken dien, dy't fêstlein binne yn in brief dy't wilens by it kolleezje bin nen is. Deryn stean, neist de ôfspraken, ek de juste nammen fan de leden, wat net sa is yn it stik dat oan de riedsstikken tajekke is. Wy hawwe ús best dyn, it wurd is no oan de Rie. Lit ús harkers net yn de steek. Ek yn it belang fan de Rie seis." Pagina 12 1 03 Fersfach riedsgearkomste 03042007/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 13