lânbou yn it sykgebiet lânbou-ûntwikkelingsgebiet? Fraach 14: As nevenfunksjes ûndergeskikt binne dan wurde minsken beheind. Soe men net foar in bepaalde perioade de funksjes neist el- koar hawwe kinne? Fraach 15: Hoe fier moat men as oerheid gean om te bepalen hoefolle ienhe- den tastien binne? Fraach 20: Der soenen mooglikheden foar dongfergêstingsynstalllaasjes wêze moatte. De dong kin dan op eigen hiem bliuwe. Fraach 21Sy wiist derop dat de leefbaarheid ek tige wichtich is. Fraach 25: It streekplan is folie ambisjeuser. Der is wol mear mooglik yn in besteand gebou. Fraach 33: Is it de bedoeling om planskeafersiken foar te kommen? Side 24, punt 4.4.1. 'maksimale' moat neffens har 'minimale' wêze. Mefrou Dekker (PvdA): De notysje bûtengebiet leit foar. Dat is nei oanlieding fan de fragen dy't op de jûnen steld binne, mar de ried stelt dat dochs net fêst? Wethâlder Minkes: Men woe it oars oanpakke as doedestiids by it Wetterfront. De antwurden op al dy fragen binne ûnderbrocht yn de réaksjenota. By de funksje fan de yntegrale fisy hearre noch in pear kaarten. Dy binne noch net klear. Straks komt it hiele pakket werom yn de ried. De fisy- nota bepaalt de útgongspunten fan it bestimmingsplan. Der komme ek altyd fragen dy't krekt net yn it bestimmingsplan fêstlein binne. De filosofy is dêrom ek ûnderbrocht yn de yntegrale nota. De foarsitter: Wijst erop dat er ook al vragen door de raad in december gesteld zijn. De hear Hemminga (GB): Miskien wol it CDA op in tal antwurden in oare ynfolling jaan. Kin de ried letter nochris by de fêststelling fan it bestimmingsplan dy saken oan de oarder stelle? Wethâlder Minkes: Dat komt nochris yn de beslútfoarming. Men moat wol fuortborduere kinne op in bepaald spoar. De hear Bouma (VVD): Fraach 1De VVD tinkt dat it as fûnemint foar it bestimmingsplan op bes- jen lizze moat, ynklusyf de mooglikheid fan berop en beswier. Fraach 3: It bouflak is net sa't gu- on it hawwe wolle. Dat moat men dúdlik as sadanich fêstlizze. Fraach 4: De romtlike kwaliteiten binne te faach formuleard. Fraach 5: Rekreaasje moat neffens de VVD yn de hiele gemeente mooglik wêze. Fraach 8: Oangeande de ekologyske ferbiningssône: de robúste wiete ferbinings binne neffens him út it streekplan helle. Fraach 13: Foar de frijkommende gebouwen binne yn it ferline 25 kontinginten reserveard. Wêr binne dy bleaun? Foar it opromjen fan âlde gebouwen: Dêrfoar yn it plak soe men romte krije moatte om by doarpen huzen bouwe te meien. Fraach 15: Soenen boargers mei in grut hiem ek net in miny-camping hawwe kinne? Fraach 16: Wetters yn de natoergebieten moatte better omskreaun wurde. Men moat net op de wetters ynleverje. Ek mear omtinken foar rekreaasje as twadde tûke. Fraach 19 oangeande it fytspaad Grou-Wergea: it trasee moat dêrfoar fêstlein wurde. Fraach 20: Dongfergêstingsynstalllaasjes moatte mooglik wêze. Der wurde lykwols beheiningen neamd; dêrfoar wol de VVD dúdlikere kritearia hawwe. Fraach 20: De kwaliteit yn it lânskip moat fersterke wurde: wat mear dúdlikheid oer dy betingst. Fraach 28: Oangeande de ferkaveling: de agrariërs komme dêrtroch yn bepaalde gebieten yn de knipe. De hear Vellinga (PvdA): In komplimint foar it soarchfâldich beäntwurdzjen fan de fragen. Der wie wat te folie klam op it ûndernimmen en te min op it belang fan de bewenners. De bewiisfiering komt wol wat swak oer, mar de keam fan syn opmerkingen is wol goed oerkommen. De ekolo gyske haadstruktuer: wêr liedt dy ôfhinklikheid fan frijwillichheid by grûnferkeap ta? Is der in mooglikheid om minsken yn dat gebiet beheinings op te lizzen? Wat binne de rjochten en plichten dy't oan dy frijwillichheid fêstsitte? Wat moat er ferstean Onder bebouwing? Dat is ek yn it streekplan fan de provinsje net dúdlik. Bliuwt bygelyks de dongsilo stean of wurdt dy sloopt? De Ontbrekkende faktor is de wize fan kontrolearen. Wat is haadaktiviteit en wat is njonkenaktiviteit? Foar it fytspaad Grou-Wergea is net in trasee fêststeld, mar dat jildt ek foar de ferbining Grou- Pagina 4 1 03 Ferslach nedsgearkomste 03042007/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 6