Noard nei de wei nei Snits. It ferkear soe net tanimme moatte. Mar nimt it ek net yn grutte ta? Hoe sit it dêrmei? De hear Riemersma (FNP): Fraach 3: 1 hektare by rjocht en 1 of 2 hektare by frijstelling? Hoe sit dat no krekt? Fraach 28: Hy begrypt neat fan it antwurd. Op 12 desimber binne der mear saken nei foaren brocht. It gebiet tusken Mar en Poel by Terher- ne fait op de kaart ûnder de wetter-rekreative ûntwikkelings, mar it doarp wol it as natoer hâlde. De FNP wol dat ek graach. It Suorein: wêrom sykgebiet rekreaasje-ûntwikkeling en wêrom gjin lânbougebiet? By Jirnsum kin er him in strook as rekreatyf sykgebiet foarstelle, mar net foar it hiele stik. De Legean binne as lânbougebiet yntekene. Mar op in oare kaart (Fisykaart farrekreaas- je Boarnsterhim) as potinsjeel rekreatyf gebiet. Wêrom is dat feroare? De doarpen wolle mooglik- heden foar rekreatyf gebrûk iepenhâlde (jachthaventsje, fyts- en kuierpaden). Kin dat wol yn in lânbougebiet? De hear Hemminga (GB): Sit wat op 'e line fan mefrou Dekker. Hy nimt oan dat in tal saken yn it bestimmingsplan ferdúdlike wurde. It hat neffens GB dan net folie sin om op alle fra- gen/antwurden yn te gean. Men freget oangeande it bouflak omtinken foar de fersiken fan de kant fan de lânbou (1,5 hektare). Wethâlder Minkes: Men wol it op de koartst mooglike termyn ta in goed ein bringe. Soms moat men foar in ûnderdiel werom nei 1944. De reparaasjeslach is in tal jierren ferlyn mislearre. It bes timmingsplan is altyd wer in momint en dat jildt ek foar de diskusje oer de bouflakken. It is 1 hektare by rjocht en 2 hektare by 'binnenplanse' frijstelling. Dêrby fiert de gemeente de rezjy. Yn it streekplan stiet in ynventarisaasje fan wat boeren nedich hawwe de kommende 10 jier en dat is tusken 1 en 2 hektare. Bringt de riedsleden de ekskurzje by Boonstra yn it sin. Hoe grut wie it bouflak? De hear Zijlstra (CDA): Wit dat net, mar de boer hie wol útwreidingsplannen foar in goede lucht- trochstreaming. Wethâlder Minkes: It bouflak wie 0,5 hektare. Sy wol mei dat sifer in yndruk jaan oer wat der mooglik is. Yn Boarnsterhim krije de boeren in protte romte en dy hawwe ornaris gjin muoite mei de rezjytaak fan de gemeente. Yn elk ferkiezingsprogramma stiet by elke partij hoe wichtich as it lânskip foar de gemeente is. It iene hoecht lykwols it oare net út te sluten. As men bygelyks kuierpaden hawwe wol dan is der in diskusje tusken de boeren en de inisjatyfnimmers. It bestimmingsplan bûtengebiet remmet dat soart Ontwikkelingen net óf. Dat leit wat oars by in trasee foar in fytspaad. Dan moat de bes- timming feroare wurde. De hear Riemersma (FNP): Men hat it no oer de yntegrale fisy. Kin yn de Legean in fytspaad komme as de bestimming lânbou derop leit? Wethâlder Minkes: Men kin net op foarhân in jachthaven lokalisearje yn in bestimmingsplan. De hear Riemersma (FNP): Dan moat men der in sykgebiet rekreative Ontwikkeling fan meitsje. Wethâlder Minkes: Dat soe kinne. De ekologyske ferbiningssône wurdt oanstjoerd fanút de pro- vinsje. Men wol foar 2015 de saak oan de kant hawwe. It Onderwerp natoer komt by de plan- kaarten oan de oarder. It gie neffens har derom oft alle fragen yn de réaksjenota beäntwurde bin ne. De réaksjenota hat gjin juridyske status. By it bestimmingsplan giet it de proseduere yn. Romtlike kwaliteit krijt in hyltyd gruttere ekonomyske wearde, benammen as oantreklikheid foar it toerisme. De robúste wiete sóne is net sneuvele. Foar it bestimmingsplan fan de gemeenten is Pagina 5 1 03 Ferslach nedsgearkomste 03042007/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 7