it in gegeven. Njonkenaktiviteit ûnder de 50% fan de totaalaktiviteit. Men hat te meitsjen mei in mjitfaktor (NGE's). Dat makket ynsichtlik oft it in haad- of in njonkenaktiviteit is. Benammen soarchpleatsen binne tige yn Ontwikkeling. Foar de romte-foar-romte regeling binne noch gjin konkrete situaasjes. De bedriuwsgebouwen steane der yn it algemien net sa min foar yn Boarn- sterhim. Men hat bedriuwekonsintraasjegebieten en bedriuwen set men net yn de iepen romte del. De ei gen bewenners moatte ek rekreëarje kinne yn it bûtengebiet. De maatfiering foar it ferkear is in kear beheind. Men moat jin ôffreegje oft men bepaalde grutte agri-kompleksen yn it bûtengebiet hawwe wol. It bütengebiet moat der better op wurde en net ferrommelje. Grûn by in pleats kin oars ferkavele wurde; ek by in histoaryske kavelstruktuer. Twadde termyn Mefrou Meinderts (CDA): Fraach 3: Sa'n proseduere kin jierren duorje. Komt sa'n buorkerij dan net op slot? Hoe kin men witte wannear't it in haad- of njonkenfunksje is? Kin der net in oer- gongsperioade foar komme? De hear Riemersma (FNP): Fraach 3: Hy lést dat sa: Dan kin men maksimaal 2 hektare frijstelling ferliene en dat komt boppe op de 1 hektare by rjocht. It stiet der dus neffens him net goed. Hy hat ek gjin antwurd krige op syn fraach oer it Suorein. Wethâlder Minkes: Elkenien kin mei fragen by har delkomme. Sy wit net krekt hoe't it mei it Suo rein sit en komt derop werom. Neffens har is it 1 hektare by rjocht en 2 hektare by 'binnenplan- se' vrijstelling en totaal dus 2 hektare. Boarnsterhim is yn ferliking mei oare buorgemeenten dêryn tige rojaal. De hear Zijlstra (CDA): Kin it net sa wêze dat by in 'binnenplanse' frijstelling it lang duorje kin troch de proseduere ear't in boer wit wêr't er oan ta is? Wethâlder Minkes: It komt hast net foar, omdat der meastentiids net safolle minsken omhinne wenje. It ferrint oer it algemien goed. Men kin bygelyks ek in beplantingsplan foarskriuwe. Men moat melde oft de aktiviteit dy't men fiert fan funksje (haad- of njonken) feroaret. De foarsitter: Stelt voor om het stuk voor kennisgeving aan te nemen. De nota wordt verwerkt in de nota buitengebied en die komt in een volgende raadsvergadering meningsvormend aan de or de. Aldus wordt besloten. 3.3 Foarstel om ferskate Byldkwaliteitsplannen fan Woonimpulsprojecten fêst te stellen Mefrou Dekker (PvdA): In part fan de plannen is wizige. Akkoart mei de punten 1 en 2. By guon plannen is lykwols al boud. Sy giet dêrfan út dat de wethâlder dêr in plausibele ferklearring foar hat. Sy hat in fraach oan de jongereinried. In starterswenning komt yn Boarnsterhim op 175.000 euro en dat is oan de hege kant. Kinne jongeren oanjaan wat al of net nedich is? Dat soe de jongerein ried mei jongerein besprekke kinne. De hear Hemminga (GB): GB kin ynstimme mei it byldkwaliteitsplan. Foldogge de boude wennin gen wol oan it byldkwaliteitsplan? De hear Bouma (VVD): Hat deselde fraach, benammen oangeande Raerd. Is men eins net te let mei it foarstel? Pagina 6 1 03 Ferslach riedsgearkomste 03042007/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 8