Mefrou Veldstra (FNP): It rapport wurdt earst oan de gemeenteried oanbean. It soe goed wêze dat alle fraksjes it konvenant ynsjen kinne. De FNP soe der ek letter op weromkomme wolle. De hear Zijlstra (CDA): It is in Onderwerp dêr't it kolleezje ek echt wat mei dwaan moat. It CDA is foar alternatyf 2. De ried moat letter dan ek de kaders stelle. Mefrou Dekker (PvdA): Wat bedoelt de hear Zijlstra krekt? De hear Zijlstra (CDA): It kolleezje hat de yndruk jûn dat men it ferlet hie om der wat fan te finen. Mefrou Dekker (PvdA): It wurdt har net dúdliker. It rapport moat fansels earst nei de ried. De proseduere moat nochris trochnommen wurde. De foarsitter: Het gaat in zijn algemeenheid over hoe een onderzoek van de rekenkamercommis sie behandeld wordt. Zij wil eerst het onderzoek naar de Burd afronden en daarna pas de proce dure tegen het licht houden. Mefrou Dekker (PvdA): De antwurden fan de wethâlder wienen helder mei útsûndering fan de fearewet. De PvdA giet foar alternatyf 3. De ried sil mei de griffier de oanpak besjen. De ried hat bepaalde opmerkingen makke. Elkenien ûnderskriuwt de oanbefellings fan de rekkenkeamer. De griffier soe dy oanbefellings op papier sette kinne om der dan fierder oer te praten. Wethâlder Van der Meulen: De 45.000 euro sit yn de begrutting foar de dekking fan de Steande Mêst-rûte. It is no net mear te achterheljen hoe't de ferdieling krekt is. De hear Bouma (VVD): Mei yngong fan 2008 soe it op it goede plak komme moatte. Dan sil men foar de Steande Mêst-rûte in oanfoljende dekking sykje moatte. Wethâlder Van der Meulen: Men hat it oer it jild fan de provinsje en oer it yn byld bringen fan de kosten fan de pont. It wie in 'vergaarbak'. De hear Hemminga (GB): Wiist derop dat de ynterpretaasje fan de foarsitter fan de rekkenkeamer oars is. Wethâlder Van der Meulen: Hy hat de oanwizing dat it sa is sa't hy it seit. Fan de ófdielingsma- nager hat er dy fersekering krige. De hear Van der Meer (GB): De rekenkamercommissie is dus niet goed geïnformeerd? De foarsitter: Stelt dat het een aanvulling op deze vergadering was. De rekenkamercommissie heeft het niet kunnen weten. De hear Van der Weide: Betreffende de overeenkomst met de provincie. Er staat in de beschik king waar het bedrag voor bedoeld is: Voor de openingstijden van de veerpont. Wethâlder Van der Meulen: Hy soe de oerienkomst dan earst seis ûnder eagen hawwe wolle. Hy sil dêrnei de ried rapportearje. De hear Van der Meer (GB): Komt het dan in 2008 op de goede plaats? Mefrou Dekker (PvdA): Makket beswier tsjin de hinne-en-wer-praterij. Pagina 9 1 03 ferslach ried 08052007/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 16