De hear Van der Meer (GB): Als het geld bij de pont hoort, dan moet het bij de pont terechtko men. Wethâlder Van der Meulen: Hy wol earst de oerienkomst sjen en sil op basis dêrfan rapportearje. Miskien sil der in oare bestimming foar komme. Neffens de fearewet kin it kolleezje seis de tari- ven fêststelle. De gemeente is eigner fan de pont. Yn in tal saken moat dúdlikheid komme en sille der keuzes makke wurde moatte. Mefrou Dekker (PvdA): Sy hat it gefoel dat der ek oer de fearewet ûndúdlikheid bestiet. Wol dêr ek skriftlik ynformaasje oer hawwe. Wethâlder Van der Meulen: De ried moat mei kaders komme of mei in foarstel komme. Mefrou Dekker (PvdA): Sy wol graach in antwurd op de twa nei foaren brochte punten hawwe. Wethâlder Van der Meulen: De Burdbewenners moatte net langer as nedich libje mei ûnsekerheid. De hear Bouma (VVD): De wethâlder moat de bal no net by de ried dellizze. De hear Hemminga (GB): Slút him oan by it fersyk fan mefrou Dekker. Mefrou Veldstra (FNP): It soe goed wêze dat alle fraksjes it konvenant ta stjoerd krigen. De foarsitter: De wethouder heeft toegezegd om over de twee onduidelijke punten schriftelijk in formatie te geven. Daarnaast zal de raad met een initiatief om het punt opnieuw op de agenda te plaatsen. Men krijgt het convenant toegestuurd. 3.3 Foarstel oangeande it tapassen fan merkkonfoarme hieren en hiergewenning foar de Brede Skoallen te Akkrum en Grou De hear De Boer (PvdA): It foarstel liket dúdlik en transparant. In merkkonfoarme priis is yn 2009 115 euro. Yn 2015 komt it op 133 euro. Der moat yndied in yngroeiregeling komme foar de maatskiplike hier. Hoe moat men lykwols omgean mei de kommersjele hierders? Wêr hat men it oer by servicekosten? De tariven foar de sportferienings binne noch net meinom- men. Men kin no net in prognoaze oer de ynkomsten meitsje. Mei men der by de beslútfoarming op 12 juny noch wat fan fine as dêr wol útslútsel oer is? De hear Hemminga (GB): Yn hoefier is der stipe fan de belutsenen foar de taryfstelling? Hoe fer- hâldt it him ta de tariven fan no? Wat foar bedraggen moatte der troch de gemeente yn de eks- ploitaasje bylein wurde? De hear Bouma (VVD): Wat foar lésten komme der foar de sportferienings? Men hat der noch net goed greep op. Der moatte ek noch sifers oanbrocht wurde. De hear Seldenrust (FNP): Ek de FNP is ferûntrêste oer de berjochten. Bepaalde partisipanten soenen ôfheakje by dizze prizen. De foarsitter fan de BOBOP soe it oerlis mei it kolleezje opskowe wolle. As dat sa is dan hie er dêr oer ynformeard wurde wollen. Op 29 maaie fynt de beslútfoarming oer de tariven plak. Dan moat der oerlis mei de partisipanten komme en op 26 juny is it go-or-no-go-momint. Dat is is hiel koart troch de bocht. Der soe oerlis west hawwe mei bepaalde partisipanten en dy sille fêst fan de tariven heard hawwe. Wat kin de wethâlder dêrfan sizze? Binne de konsekwinsjes dat de breedte fan de skoallen tige ôffalt? Wat binne de gefolgen as partisipanten net meidogge? En wat as de partisipanten nei ferrin fan tiid net mear meidwaan wolle of kinne? Pagina 10 1 03 ferslach ried 08052007/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2007 | | pagina 17